Springe nei ynhâld

Wamic (Oregon)

Ut Wikipedy
Wamic
Lokaasje fan Wamic yn Wasco County en Oregon
Lokaasje fan Wamic yn Wasco County en Oregon
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Oregon
County Wasco County
Sifers
Ynwennertal 123 (2020)[1]
Oerflak 3,12 km²
Befolkingsticht. 39,39/ km²
Hichte 511 m
Oar
Postkoade 97063
Tiidsône Pacific (PST)UTC-8
Simmertiid UTC-7
Koördinaten 45° 13' 41" N 121° 16' 9" W
Kaart
Wamic (Feriene Steaten)
Wamic
lokaasje yn de Feriene Steaten

Wamic is in plak (census-designated place) yn Wasco County yn Oregon, Feriene Steaten. Neffens de folkstelling fan 2020 hie it plak 123 ynwenners.

Wamic is neamd nei de famylje Womack, dy't harren nei wenjen setten yn de omkriten. Wamic leit oan it Barlowpaad, dy't yn de snuorje fan de Oregon Trail oanlein waard om de rivier de Kolumbia fan The Dalles ôf ôf te snijen omreden de wetterfallen en streamfersnellings dy't reizgjen oer de rivier hinne dreech makke. Wamic hie fan 1884 oant 1958 in eigen postkantoar.

Wamic leit oan de foet fan it Cascadesberchtme 8 km westlik fan Tygh Valley en goed 50 km súdlik fan The Dalles. It dorp leit in pear kilometer fan Pine Hollow dy't oan it Pine Hollow Rervoir leit. It doarp is in agraryske mienskip dêr't fleisfee holden wurdt en luserne ferboud wurdt.

It plak hat waarme en drûge simmers, mei trochsneed moanlikse temperatueren net boppe de 25 °C.

Neffens de folkstelling fan 2000 wennen der 36 minsken, 20 hûshâldings en 15 famyljes yn it plak. De befolking bestie út 97,22% blanken en 2,78% yndianen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. United States Census Bureau oproppen op 31 oktober 2022