The Dalles Daam

Ut Wikipedy
The Dalles Daam
The Dalles Dam
bouwurk
Loftfoto fan The Dalles Daam
Loftfoto fan The Dalles Daam
lokaasje
lân flagge fan de Feriene Steaten Feriene Steaten
steat Oregon
Washington
plak The Dalles
Dallesport
koördinaten 45° 36' 44" N 121° 08' 04" W
bysûnderheden
type bouwurk keardaam
boujier 1957
oare ynformaasje
hichte 61 m
lingte 2.693 m
breedte 73 m
draachkrêft 65.000 m³/s
kapasiteit 0,43 km³ (reservoir)
1878,3 MW (elekrtr. opwekking)
kaart
The Dalles Daam (Oregon)
The Dalles Daam
lokaasje yn Oregon
The Dalles Daam mei op eftergrûn Mount Hood
Boezemmarsysteem yn it noardwesten fan de Feriene Steaten

De The Dalles Daam (Ingelsk: The Dalles Dam) is in betonnen keardaam yn de rivier de Kolumbia 3 km eastlik fan de stêd The Dalles yn de steat Oregon, Feriene Steaten. De Kolumbia foarmet de grins tusken de steaten Oregon en Washington en ferbynt de county's Wasco yn Oregon mei Klickitat yn Washington. De tichtst by lizzende plakken yn Washington binne Dallesport en Wishram. De U.S. Army Corps of Engineers sette mei it bouwurk útein yn 1952 en foltôge hjirmei fiif jier letter. Hjirmei ûntstie de Celilo Mar eastlik fan de daam en dit waard in 39 km lang boezemmar dy't einiget by de John Day Daam. By it ûntstean fan de nije boezemmar strûpten de eardere Celilowetterfallen en inkelde fiskersdoarpen oan wjerskanten fan de rivier ûnder. Dit wiene in ekonomysk en kultureel mulpunt fan de yndianen en it âldste kontinú bewenne gebiet yn Noard-Amearika. Op 10 oktober 1957 seagen hûnderten taskôgers hoe't it steigjende wetter de wetterfallen en it doarp Celilo ûnderstrûpten. Sa'n 40 âlde petroglifen waarden foar de tiid noch weihelle en bewarre foar't hja ynstallearre binne yn it Columbia Hills State Park, dat 9km eastlik oan de Washingtonkant leit.

De daam stiet op in hichte fan 24 meter boppe seenivo en sels hat it in hichte fan 61 meter. De totale lingtme bedraacht 2693 meter. De daam is in wichtige opwekker fan elektrisiteit troch wetterkrêft. Yn de daam stiet in totaal fermogen fan 1800 megawatt opsteld. Der is in skutslûs oanlein om de skipfeart net te blokkearen. Foar de fisken is der in fiskpassaazje oanlein. It tefolle oan wetter wurdt ôffierd fia in needoerlaat, dy't in lingtme fan 420 meter hat.

De betsjinning fan de daam is yn hannen fan de U.S. Army Corps of Engineers en de wetterkrêft dat út de daam helle wurdt is betsjinne troch Bonneville Power Administration. It is in ûnderdiel fan in útwreide systeem fan damen yn de rivierren de Kolumbia en de Snake.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Dalles Dam References, op dizze side.