Wapen fan Waaksens (Noardeast-Fryslân)
Appearance
It wapen fan Waaksens is it wapen fan it doarp Waaksens, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1988 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn goud in spitsdekte stinspoarte fan kiel, mei yn de topgefel in leelje fan sulver; oer alles hinne in fersmelde rjochterskeanbalke fan azuer.
De heraldyske kleuren binne: goud, kiel (read), sulver en azuer (blau).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Poartegebou: fertsjintwurdiget de oerbleaune poarte fan Sjuxsmastate.
- Leelje: oernommen út it wapen fan de famylje Sjuxsma.
- Blauwe skeanbalke: ferwiist nei de weagjende skeanbalke fan it wapen fan West-Dongeradiel, de gritenij en gemeente wêr't it doarp earst part fan wie. It stiet ek foar de Dokkumerwei dy troch it doarp hinne rint.
-
It oerbleaune poartegebou fan de Siuxmastate yn Waaksens.