Springe nei ynhâld

Wapen fan Surhústerfean

Ut Wikipedy
Wapen fan Surhústerfean

It wapen fan Surhústerfean is it wapen fan de flekke Surhústerfean, yn de Fryske gemeente Achtkarspelen. It wapen waard yn 1987 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Yn goud in blauwe balke mei oer alles hinne in reade peal; yn 't earste en 't fjirde kertier in swarte turf, yn 't twadde in griene ikel, yn 't tredde in griene klaver. It skyld dutsen fan in gouden flekke-kroan fan trije blêden en twa pearels op in holbân, beset mei trije reade rútfoarmige en twa ovale griene ealstiennen.

De heraldyske kleuren binne: goud, azuer (blau), kiel (read), sabel (swart) en sinopel (grien). It skyld wurdt bedutsen troch in saneamde "flekke-kroan".

  • Gouden flak: ferwiist nei de sângrûn wêr't it doarp op leit.
  • Blauwe balke: stiet foar de Feanster Feart, in feart dy troch in doarp rûn en belangryk wie foar de ôffoer fan winne turf.
  • Reade peal: ferwiist nei de dyk nei De Grinzer Pein, dy't de Feanster Feart krúst.
  • Turfen: it doarp ûntstie as in feankoloanje yn de 16e iuw.
  • Ikel: ferwiist nei de lizzing fan it doarp yn de Fryske Wâlden.
  • Klaverblêd: ferwiist nei de gêslannen súdlik fan it doarp.
  • Kroan: it wapen wurd bedutsen troch in "flekke kroan", brûkt by wapens fan plakken mei stedske kinmerken (flekke).