Wapen fan Achtkarspelen

Ut Wikipedy
Wapen fan Achtkarspelen
Flagge fan Achtkarspelen

It gemeentewapen fan Achtkarspelen is op 25 maart 1818 troch de Hege Ried fan Adel jûn mei de neikommende omskriuwing:
Fan sulver, beladen mei in kerspeltsjerke mei acht tuorren, steand op in griene grûn, dekt mei in gouden kroan.

Dêr kin fierder noch oer sein wurde dat de karspeltsjerke griisread fan kleur is en de toerspitsen blau binne. Achtkarspelen hat in saneamd sprekkend wapen: der is in direkte relaasje tusken ôfbylding en namme. De acht tuorren slaan op de acht tsjerkedoarpen (karspelen) dy’t yn 1818 yn Achtkarspelen leine. Dat wiene: Stynsgea, Bûtenpost, Droegeham, Koaten (no Koatstertille), Koartwâld (tusken Surhuzum en Surhústerfean), Lytsepost (heart no by Bûtenpost), Surhuzum en Twizel.

Flagge[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeenteflagge – in symboalyske werjefte fan it gemeentewapen – hat de Rie fêststeld op 28 april 1958. De flagge hat yn de breedte in middenbaan en oan de boppe- en ûnderkant in smelle baan. De trije banen hawwe fan boppen nei ûnderen de kleuren read (de kleur fan de tsjerkemuorren), wyt (de sulveren ûndergrûn fan it wapenskyld) en grien (de skyldfoet út it wapen). Yn de middelste baan is oan de linkerkant in achtpuntige blauwe stjer te sjen (de acht tsjerketuorren).

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]