Flagge fan Surhústerfean
Appearance
De flagge fan Surhústerfean is de flagge fan de flekke Surhústerfean, yn de Fryske gemeente Achtkarspelen. De flagge waard yn 1987 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
In reade hijs mei in lingte fan 1/3 flaggehichte; yn de hijstop in giele klaver; de flecht fan trije like heege banen giel-blau-giel mei yn de giele banen elk oan de hijskant in swarte turf.
De kleuren komme út it wapen fan Surhústerfean.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Gouden banen: ferwize nei de sângrûn dêr't it doarp op leit.
- Blauwe baan: ferwiist nei de Feanster Feart, in feart dy troch it doarp rûn en belangryk wie foar de ôffoer fan winne turf.
- Turfen: it doarp ûntstie as in feankoloanje yn de 16e iuw.
- Klaver: ferwiist nei de gêslannen súdlik fan it plak.