Wapen fan Parregea
Appearance
It wapen fan Parregea is it wapen fan it doarp Parregea, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn syn hjoeddeiske foarm yn 1969 registrearre.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Parregea is ien fan de Fryske plakken dêr't in âld wapen fan oerlevere is. It wapen komt fan in wynwizer op it koar fan de Sint-Jehannes de Dopertsjerke fan Parregea.
-
De Sint-Jehannes de Dopertsjerke fan Parregea.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Dield: 1. de Fryske earn; 2. yn swart trije sulveren fisken mei reade boarst-, bûk- en rêchfin boppe inoarren.
De heraldyske kleuren binne: goud, sabel (swart), sulver en kiel (read).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fryske heale earn: ferwiist nei de kontakten fan it doarp mei de stêd Warkum. De heale earn komt ek foar yn it wapen fan Warkum.
- Fisken: fewize nei de eardere fiskerij op de eardere Parregeastermar.