Wapen fan Kollum
It wapen fan Kollum is it wapen fan de flekke Kollum, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen yn de hjoeddeiske foarm waard yn 1976 registrearre.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kollum is ien fan de Fryske plakken dêr't in âld wapen fan oerlevere is. Dit wapen komt foar yn it Wapenboek fan Andries Schoemaker út 1695 en it Wapen- en Vlaggenboek fan Gerrit Hesman út 1708. Hesman bylde in sulvuren stjer ôf, Schoemaker bylde it wapen sûnder stjer ôf. Letter waard der in swurd en twa stjerren oan it wapen tafoege.
-
It wapen fan Kollum yn Gerrit Hesman syn Wapen- en Flaggeboek út 1708.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Trochsnien yn trijen fan read, goud en grien, mei oer alles hinne in sulveren swurd, goud fersiert en mei in read hânfetsel, mei yn it goud twa reade seispuntige stjer.
De heraldyske kleuren binne: kiel (read), goud, sinopel (grien) en sulver. It skyld wurdt bedutsen troch in saneamde "flekkekroan".
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Seispuntige stjerren: dat binne saneamde gidsstjerren dy in haadplak oanjout. Kollum wie it haadplak fan de gritenij en gemeente Kollumerlân en Nijkrúslân.
- Swurd: ferwiist nei gerjochtichheid. Yn Kollum stie in rjochtshûs. Dêrneist is it swurd in atribút fan Sint-Marten, patroanhillige fan de Martenstsjerke fan Kollum.
- Kroan: it wapen wurd bedutsen troch in saneamde "flekkekroan". Foarbehâlden foar doarpen mei in stedske kenmerken. Sa hie Kollum neist rjochtspraak ek it waachrjocht.