Flagge fan Kollum

De flagge fan Kollum is de flagge fan de flekke Kollum, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge waard yn 1976 yn syn hjoedeiske foarm registrearre.
De doarpsflaggen fan 14 doarpen yn Kollumerlân en Nijkrúslân binne yn de jierren 1969/70 makke yn oerlis mei de Fryske Rie foar Heraldyk en de hearen Minnema, Keune en Offringa, leden fan de Kommisje Geakunde fan Kollumerlân en Nijkrúslân. Yn de ûntwerp perioade hawwe de bestjoeren fan de Pleatslik Belang-organisaasjes yn elk fan de doarpen, de ûntwerpen besprutsen, en goedkart of ôfwiisd, yn it lêste gefal waard in nij ûntwerp oanbean.
Eardere flagge
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De flagge fan Kollum datearret op syn minst út 1708, omdat yn it Vlaggeboek fan Gerrit Hesman in ôfbielding stiet fan trije like hege horizontale banen fan read, giel en grien.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Banen read-giel-grien, mei op it giele in reade seispuntige stjer, ien punt wizend nei de boppeside.
De kleuren komme út it wapen fan Kollum.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Seispuntige stjer: dit is in saneamde gidsstjer dy't in haadplak oanjout. Kollum wie it haadplak fan Kollumerlân en Nijkrúslân.