Springe nei ynhâld

Wapen fan Jorwert

Ut Wikipedy
Wapen fan Jorwert

It wapen fan Jorwert is it wapen fan it doarp Jorwert, yn de Fryske gemeente Ljouwert. It wapen waard yn 2001 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Yn goud in blauwe fersmelle peal, gelykfallend mei de middelste kantiel fan it skyldhaad, rjochts beselskippe fan in reade ikel en lofts fan in ôfskuorde swarte earnskop; in fan ûnderen kantiele read skyldhaad mei trije kantielen, it skyldhaad belein mei trije kantielen, it skyldhaad belein mei trije sulveren ruten.

De heraldyske kleuren binne: goud, azuer (blau), kiel (read), sabel (swart) en sulver.

  • Skyldhaad, de reade kleur stiet foar it riedhûs fan Baarderadiel dat oant de 17e iuw yn Jorwert stie. De Kantielen fan de it skyldhaad ferwize nei de twa stinsen dy by it doarp stien ha: Fûns yn de buorskip Fûns en Grut Hesens yn de buorskip Hesens.
  • Ruten: symboalen foar de rjochtspraak. It oantal trije ferwiist nei de rjochter en twa assistinten. De kleur sulver ferwiist nei de suverens fan de rjochtspraak.
  • Ikel: oernommen út it wapen fan de famylje Hettinga. dy't de Hesensstate bewenne ha.
  • Earnskop: oernommen út it wapen fan de famylje Fûns, dy't de Fûnsstins bewenne ha.
  • Blauwe peal: stiet foar de Jorwerter Feart.