Wapen fan Hegebeintum
Appearance
It wapen fan Hegebeintum is it wapen fan it doarp Hegebeintum, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 2018 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn goud in reade tsjerke mei sealtektoer, sjoen fanút it westen, steande op in griene terp, yn de skyldkop mei rjochts fan in rút en links fan in liuw, beide fan swart; it griene belade mei in gouden fibula, besteande út in rjochthoekige kopplaat, in grutte rûne knop as middenpart en in jilobade foet; op de kopplaat twa, op de knop ien en op de foet fiif heale bollen yn reliëf.
De heraldyske kleuren binne: goud, kiel (read), sinopel (grien) en sabel (swart).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Terp: ferwiist nei de terp dêr't it doarp op leit, de heechste terp fan Nederlân.
- Tsjerke: ferwiist nei de tsjerke fan Hegebeintum.
- Rút: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Nijsten, dat de Harstastate bewenne. Foar leden fan dizze famylje hingje ferskate roubuorden yn de tsjerke.
- Liuw: oernommen út it wapen fan de famylje De Skepper, ek eigner west fan Harstastate.
- Fibula: ferwiist nei de fibula dy yn de terp fan it doarp fûn is.
-
De tsjerke fan Hegebeintum op de terp.
-
Rouboerd yn de tsjerke fan Hegebeintum foar Johanna Maria fan Nijsten.
-
Rouboerd yn de tsjerke fan Hegebeintum foar Imilius Josinus de Skepper.
-
Rouboerd