Springe nei ynhâld

Wapen fan Ealsum

Ut Wikipedy
Wapen fan Ealsum

It wapen fan Ealsum is it wapen fan it doarp Ealsum, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1988 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Linksskeand fan azuer en sulver; oer alles hinne in achtspakich rêd fan it ien yn it oar, mei yn it azuer in stjer fan goud en yn it sulver in leelje fan azuer.

De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), sulver en goud.

  • Skeane twadieling: krekt sa as de kleuren oernommen út it wapen fan East-Dongeradiel, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie.
  • Rêd: symboal faor de hillige Katarina fan Aleksanderje. Ek ferwiist it rêd nei de radiale foarm fan te terp fan it doarp.
  • Gouden stjer: oernommen út it wapen fan de famylje Sirtema fan Grovestins.
  • Blauwe leelje: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Mokkema dy de Mokkemastate yn it doarp bewennen.