Flagge fan Ealsum
Appearance
De flagge fan Ealsum is de flagge fan it doarp Ealsum, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1988 registrearre.
De doarpsflaggen fan 28 doarpen yn Dongeradiel binne op 28 jannewaris 1988 troch de gemeenteried fan de eardere gemeente Dongeradiel goedkard.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Flecht skean ferdielt fan blau en wyt; op it midden in rêd mei seis speaken fan it iene yn it oare fan trije fierde flaggehichte.
De kleuren komme út it wapen fan Ealsum.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Skeane twadieling: oernommen fan út it wapen fan East-Dongeradiel.
- Kleurstelling: oernommen fan út it wapen fan East-Dongeradiel.
- Rêd: symboal foar de hillige Katarina fan Aleksanderje, waans attribút in rêd is. Dêrneist ferwiist it rêd nei de radiale foarm fan de terp fan it doarp.