Wapen fan De Harkema
Appearance
It wapen fan De Harkema is it wapen fan it doarp De Harkema, yn de Fryske gemeente Achtkarspelen. It wapen waard yn 1992 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Fan kiel belein mei in kliuwende liuw fan goud en in puntich skyldhaad fan sulver belein mei in ikel fan sinopel, oan beide kanten beselskippe fan in lizzend turf fan sabel.
De heraldyske kleuren binne: kiel (read), goud, sulver, sinopel (grien) en sabel (swart).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Read fjild: ferwiist nei de eardere heide yn de omkriten fan it doarp.
- Kliuwende liuw: oernommen út it wapen fan de famylje Van Harckema.
- Turfen: stie foar de feantsjerij yn de omkriten fan it doarp.
- Ikel: symboal foar de lizzing yn de Fryske Wâlden.
-
It wapen fan de famylje Van Harckema (links) op de preekstoel fan de Augustinitsjerke fan Stynsgea.