Wapen fan Brantgum
Appearance
It wapen fan Brantgum is it wapen fan it doarp Brantgum, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1988 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn sulver in rjochterskeanbalke, linksboppe in leelje en rjochstûnder in seisspalich rêd, alles fan kiel, de balke belade mei in pinsiel fan goud mei de stâle nei ûnder rjochte.
De heraldyske kleuren binne: sulver, kiel (read) en goud.
Symbolisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Reade skeanbalke: ferwiist nei de weagjende skeanbalke fan it wapen fan West-Dongeradiel, de gritenij en gemeente wêr it doarp eartiidsk part fan wie. Ek stiet it foar de Dokkumerwei dy troch it doarp hinne rint.
- Leelje: oernommen út it wapen fan de famylje Rennerda dy Rennerdastate bewenne.
- Pinsiel: ferwizing nei skilder Ids Wiersma dy't yn Brantgum berne is. Om't in skilder mei oaljeferve nei boppe wurket, is de stâle nei ûnder rjochte.
- Rêd: attribút fan de Sinte Katarina fan Aleksandrje, beskermehillige fan de tsjerke fan Brantgum.
-
Stânbyld fan Ids Wiersma yn Brantgum.