Springe nei ynhâld

Wapen fan Balk

Ut Wikipedy
Wapen fan Balk

It wapen fan Balk is it wapen fan de flekke Balk, yn de Fryske gemeente De Fryske Marren. It wapen waard yn 1989 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Yn goud in weagjende peal fan sinopel; krúst troch in ferkoarte dwersbalke fan kiel, belein mei in seispuntige stjer fan goud, en beselskippe fan fjouwer linebeamblêden fan sinopel. It skyld bedutsen mei in gouden kroan fan trije blêden en twa pearels.

De heraldyske kleuren binne: goud, sinopel (grien) en kiel (read). It skyld wurdt bedutsen troch in saneamde "flekke kroan".

  • Griene peal: ferwiist nei de rivier De Luts, dy't troch Balk streamt.
  • Reade balke: symboal foar de balkbrêge oer De Luts, wêr't Balk syn namme oan ûntlient.
  • Stjer: dit is in saneamde "haadstjer", yn de Fryske heraldyk ferwiist sa'n stjer nei in haadplak. Balk wie it haadplak fan de gritenij en gemeente Gaasterlân en de gemeente Gaasterlân-Sleat.
  • Linebeamblêden: linebeammen komme foar lâns De Luts.
  • Kroan: it wapen wurd bedutsen troch in "flekke kroan", brûkt by wapens fan plakken mei stedske kinmerken (flekke). Sa hie Balk in eigen rjochtshûs en waach.