Springe nei ynhâld

Flagge fan Balk

Ut Wikipedy
Flagge fan Balk

De flagge fan Balk is de flagge fan de flekke Balk, yn de Fryske gemeente De Fryske marren. De flagge waard yn 1989 registrearre.

De beskriuwing fan de flagge is:

In reade hijs mei in lingte fan 1/3 flaggehichte; yn de hijs in giele seispuntige stjer; de flecht fan trije like hege banen fan giel-grien-giel mei yn de boppeste giele faan oan de hyskant in grien linebeamblêd mei stâle.

De kleuren komme út it wapen fan Balk.

  • Griene baan: ferwiist nei de rivier De Luts, dy't troch Blak streamt.
  • Reade hijs: symboal foar de balkbrêge oer De Luts, dêr't Balk syn namme oan ûntlient.
  • Stjer: dit is in saneamde "haadstjer", yn de Fryske heraldyk ferwiist sa'n stjer nei in haadplak. Balk wie it haadplak fan de gritenij en gemeente Gaasterlân en de gemeente Gaasterlân-Sleat.
  • Linebeamblêden: linebeammen komme foar lâns De Luts.