Springe nei ynhâld

Vysotski-kleaster

Ut Wikipedy
Vysotski-kleaster
Высоцкий монастырь
Lokaasje
lân Ruslân
oblast Moskou
plak Serpûchov
koördinaten 54° 54' N 37° 25' E
Kleastergegevens
oprjochting 1373
oprjochter Vladimir de Dappere
opheffing fasearre fan 1928 oant 1931
weriepening 1991
Ynformaasje bou
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 501520398070006
Webside
visotskymonastir.ru
Kaart
Vysotski-kleaster (Moskou)
Vysotski-kleaster

It Vysotskikleaster (Russysk: Высоцкий монастырь; Vysotski monastyr) is in otterdoks manljuskleaster yn Serpûchov, ien fan 'e âldste stêden fan 'e oblast Moskou, Ruslân. Yn it kleaster wurdt de "Ikoan fan 'e ûnútputlike Tsjelk" fereare.

Fresko fan de stifter fan it kleaster, prins Vladimir de Dappere.

It kleaster waard mei de segen fan 'e Russyske nasjonale hillige Sergius fan Radonezj stifte troch prins Vladimir de Dappere, in neef fan Dmitri Donskoj. Dat soe bard wêze yn 1373. De bou fûn plak op in hege heuvel oan 'e igge fan 'e rivier de Nara, tichteby it gearrinnen mei de Oka. It Visotski-kleaster wurdt foar it earst neamd yn 15e-iuwske kroniken.

Under de Tartaarske ynvaazjes yn 'e 16e iuw waard it kleaster ferneatige, mar nei't de rêst yn 'e kontreien werom kearde waard it kleaster op gruttere skaal wer opboud. Ut dy tiid stamt ek de fiifkoepelige katedraal, wêrfan't de bou troch Ivan de Ferskriklike finansierd waard. It is hast mei wissichheid te sizzen dat de katedraal in kalkstiennen foargonger hie.

Yn 'e midden fan 'e 17e iuw krige it kleaster stiennen muorren en fjouwer hoektuorren om it better ferdigenje te kinnen. It rivalisearre mei it Vladinitsjni-kleaster, it âldste kleaster fan Serpûchov en ferwolkomme rike begeunstigers, dy't mar wat graach yn 'e muorren fan it kleaster begroeven wurde woene. Dêrûnder wienen bygelyks Gavriil Ivanovitsj Golvokin, de kânselier fan Peter de Grutte, en Fjodor Soimonov, de gûverneur fan Sibearje.

It kleaster fierde it 500-jierrich bestean mei de bou fan 'e Alderheljentsjerke, dy't neffens Roman Klein neffens de doe jildende moade yn neo-byzantynske styl boud waard. De tsjerke waard ferneatige nei de Oktoberrevolúsje, doe it kleaster oan Letske troepen oerdroegen waard om as kazerne te tsjinjen. Tsjin de ein fan 'e Sovjet-tiid wie it kleaster tige ferfallen en wie der noch mar in part fan 'e oarspronklike bemuorring yntakt.

Nei de weromjefte oan 'e Russysk-Otterdokske Tsjerke yn 1991 waard fuortendaliks útein set mei de restauraasje fan it kompleks. Ek de ûntbrekkende dielen fan de bemuorring binne wer rekonstruearre.

De Hillige Synoade hat op 17 juny 2021 besletten om fan it Vysotskikleaster in stauropegiaal kleaster te meitsjen.

Ikoan fan 'e Unútputlike Tsjelk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kleaster wurdt in soad troch pylgers besocht fanwegen de ikoan fan 'e Unútputlike Tsjelk. De ûnútputlike tsjelk stiet foar de ûneinige genede fan 'e Hear en de ikoan soe helpe by it bestriden fan alkoholisme. Is soe net allinne helpe tsjin drankferslaving, mar ek tsjin smoken en oare ferkearde oanwênsten. It orizjinele ikoan gyng nei de Oktoberrevolúsje ferlern, mar ek de replika út 1992 lûkt in soad pylgers.

Ofbyld Namme en beskriuwing Foltôge yn
De Katedraal fan de Untfinzenis fan de hillige Anna stamt út 'e 16e iuw en waard boud op it plak fan in âldere stiennen tsjerke. De katedraal mei fiif blauwe koepels waard sletten yn 'e jierren 1920 en renovearre yn 1970 en oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke werom jûn. 16e iuw
De Sergius fan Radonezjtsjerke (op it ôfbyld lofts fan 'e fiifkoepelige katedraal) is in trije ferdjippings tellende tsjerke út de 17e iuw, dy't súdeastlik oan 'e katedraal grinzget. De tsjerke waard boud op it plak fan in âldere oan Nikolaas wijde kapel fan 'e katedraal en is yn 'e jierren 1990 fasearre wer yn gebrûk nommen. 17e iuw
De Tsjerke fan 'e trije hillige Hiërargen boppe de westlike poarte fan it kleaster waard tusken 1831 en 1840 boud op it plak fan in âlder gebou fan 1727. It neoklassisistyske gebou waard yn 1920 sletten, mar yn 'e jierren 1970 renovearre. Yn 1991 wie der foar it earst wer in tsjinst. 1840
De Foarbeatsjerke stiet west fan 'e katedraal. Oan 'e yn 'e neoklassisistyske styl boude tsjerke slút de refter oan. It oansjen fan 'e hjoeddeiske tsjerke stamt út de ferbouwing fan 1834-1835. De tsjerke waard yn 1931 sletten foar de earetsjinst en is yn 1991 werom jûn oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke. 1835
De eklektyske Alderheljentsjerke is in tintefoarmich bouwurk op it tsjerkhôf achter de eastlike muorre fan it kleaster. De tsjerke is boud yn 'e jierren 1893-1896 as de grêftsjerke fan in lokale keapman. Yn 'e jierren 1920 is de tsjerke sletten en ûnder Sovjettiid in boufal woarn; de tsjerke is koartlyn restaurearre. 1896
De Tsjerke fan 'e ikoan fan 'e Mem Gods fan 'e ûnútputlike Tsjelk is in ienkoepelige tsjerke, dy't om 'e iuwwikseling hinne boud waard, yn it gasteferbliuw fan it kleaster en grinzget súdeast oan it kleasterkompleks. Ein 20e iuw/Begjin 21e iuw

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Vysotsky Monastery