Nara (rivier)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Nara
Daam yn de Nara by Serpûchov.
Daam yn de Nara by Serpûchov.
geografy
lân Flag of Russia.svg Ruslân
lokaasje boarne súdwest fan Moskou
mûnet út yn Oka
lokaasje mûning by Serpûchov
plakken Naro-Fominsk, Serpûchov
sifers
lingte 158 km
ôfwetteringsgeb. 2.030 km²
ôffier (mûning) 5,5 m³/s

De Nara is in rivier yn de Oblast Moskou en de Oblast Kalûga yn Ruslân. It is in lofter sydrivier fan de Oka mei lingte fan 158 km. It ôfwetteringsgebiet beslacht 2030 km² en it trochsneed debyt 5,5 m³/s. De Nara befriest yn novimber-desimber en bliuwt beferzen oant april. De stêden Naro-Fominsk en Serpûchov lizze oan de Nara.

De namme Nara is fan Baltyske oarspring, in kognaat fan it Litouske nerti wat "dûke, streamôf swimme" betsjut, mar ek " netfiskje, hake" wêze kin. Dat komt om't it gebiet oan de rin fan de rivier ea bewenne waard troch de Goljaden (Russysk: Goliadj, голядь), in útstoarne Baltyske stam.

It ôfwetteringsgebiet fan de Oka. De rin fan de Nara (oanjûn as 'Нара') is lofts ûnder Moskou (oanjûn as 'МОСКВА') te finen.