Fredewâld
Fredewâld is in gebiet yn it westen fan de provinsje Grinslân. It wie ien fan de ûnderkertieren fan it Westerkertier, mar yn de iere Midsiuwen wie it in selsstannich Ommelân. Nei de Reduksje fan Grins yn 1594 waard it part fan de provinsje Stêd en Lân. It grutste doarp fan it Fredewâld is De Like.
De grinzen fan it Fredewâld falle sawat gear mei dy fan de de yn 2019 ophefte gemeenten Mearum en De Like. It âlde Fredewâld wie in stik grutter: it gebiet waard doe beheind troch in line dy't rûn fan de boarch Nienoord yn it noarden, De Wylp yn it westen en oer Nij-Roan, Steenbergen, Ien en Feanhuzen yn it easten. De súdgrins lei fier yn de doe net bewenne Drintsk-Fryske feanen. Doe't dy ôfgroeven waarden, kamen dy stikken fan it Fredewâld yn Drinte te lizzen.
Yn de midsiuwen hearde Fredewâld, lykas de oangrinzgjende gebieten Langewâld, Achtkarspelen, allyk mei de rêst fan de Ommelannen ta it bisdom Múnster. Yn 1559 waard Frewâld part fan it nije bisdom Grins. Yn it uterste noardwesten stie it kleaster Trimunt, dêr't it útbuorren Trimunt nei neamd is.
De wichtichste eallju fan Fredewâld wennen op Nienoard. Dêrûnder wienen de famyljes Fan Ewsum en Fan Panhuys.