Vilhelm Pedersen
Vilhelm Pedersen | ||
keunstner | ||
Vilhelm Pedersen | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Thomas Vilhelm Pedersen | |
nasjonaliteit | Deensk | |
berne | 28 jannewaris 1820 | |
berteplak | Køge | |
stoarn | 13 maart 1859 | |
stjerplak | Kopenhagen | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Yllustrator, skilder | |
bekendste wurk(en) |
Yllustraasjes by de mearkes fan H.C. Andersen. |
Thomas Vilhelm Pedersen (Køge, 28 jannewaris 1820 – Kopenhagen, 13 maart 1859) wie in Deensk keunstskilder en yllustrator dy't foaral bekend waard fan syn yllustraasjes by de mearkes fan Hans Christian Andersen. Hy wie de earste keunstner dy't Andersen's wurk yllustrearre. Syn tekeningen waarden oerset op houtblok en brûkt yn de Deenske en Dútske edysjes. Hy waard ûnderskieden mei de Oarder fan de Dannebrog.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ynearsten gie er yn de fuotleasten fan syn heit en waard er ofsier yn de Keninklike Deenske Marine. Hy hie niget oan tekenjen en yn 1843 joech Kristiaan VIII him fjouwer jier betelle ferlof om him de gelenheid te jaan in karriêre as keunstner op te bouwen. Hy studearre by Wilhelm Marstrand en skreau him yn by de Keninklike Deenske Akademy fan Skiene Keunsten. De earste útstalling fan syn wurk wie yn 1847, mar hy gie frijwillich werom it leger yn by it útbrekken fan de Earste Dútsk-Deenske Oarloch. Hy die mei yn de Slach fan Eckernförde dy't letter it ûnderwerp fan twa skilderijen wurde soe. Dêrnei pakte er syn Marinekarriêre wer op en tsjinne dêr oant syn dea yn 1859.[1]
Pedersen syn soannen Thorolf (1858-1942) en Viggo (1854-1926) wiene ek skilders.
Hans Christian Andersen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Andersen's ierste ferhalen waarden publisearre sûnder yllustraasjes, mar yn 1849 ferskynde in samling fan syn ferhalen mei 125 plaatsjes fan Pedersen dy't doe noch in jong marine-ofsier wie. Anderson wie tige wiis mei Pedersens yllustraasjes, dy't hjoed de dei yn Denemark beskôge wurde as net los te sjen fan de mearkes, lykas ek John Tenniel syn yllustraasjes dat binne foar Lewis Carroll's Alice in Wonderland of Quentin Blakes yllustraasjes foar Roald Dahl's berneboeken.
Houtfiken fan Pedersen's tekeningen waarden foar it earst makke foar in Dútske edysje fan de ferhalen dy't útbrocht waarden troch Carl B. Lorck yn Leipzig. Andersen's Deenske útjouwer, C.A. Reitzel, betelle Lorck foar de rjochten op Pedersen's yllustraasjes.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Yllustraasje by Nissen og spækhøkeren, 1853
-
Yllustraasje by de Den grimme ælling
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Tekeningen foar Hans Christian Andersen's mearkes op H.C.Andersen webside
- Ask Art: Vilhelm Pedersen
- De ferhalen fan Hans Christian Andersen
- Weilbach, Ph. (1898) "Pedersen, Thomas Vilhelm" yn Carl Frederik Bricka (ed.) Dansk biografisk Lexikon / XII. Bind. Münch - Peirup. Kopenhagen: Gyldendalske Boghandels Forlag, s. 641–62.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Vilhelm Pedersen fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |