Springe nei ynhâld

It Unsjogge Pykje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Den grimme ælling)
It Unsjogge Pykje
Fan Vilhelm Pedersen
Fan Vilhelm Pedersen
algemiene gegevens
oarspr. titel Den Grimme Ælling
auteur Hans Christian Andersen
taal Deensk
foarm koart ferhaal
sjenre mearke
1e publikaasje 1843, Kopenhagen
oarspr. útjwr. C.A. Reitzels Forlag
bondel Nye Eventyr
oersetting nei it Frysk
Fryske titel It Unsjogge Pykje
publikaasje 1943, Assen
útjouwer Van Gorcum & Co.
oersetter Douwe Tamminga

It Unsjogge Pykje, yn it oarspronklike Deensk: Den Grimme Ælling (Nederlânsk: Het Lelijke Jonge Eendje; Ingelsk: The Ugly Duckling), is in mearke fan 'e hân fan 'e grutte njoggentjinde-iuwske Deenske skriuwer en dichter Hans Christian Andersen (1805-1875). It waard foar it earst útjûn yn 1843, as ûnderdiel fan 'e samling Nye Eventyr ("Nije Mearkes"), yn 'e mande mei trije oare mearkes (De Ingel, It Gealtsje en De Frijers). It Unsjogge Pykje is ien fan Andersen syn bekendste mearkes, dat yn it kollektyf bewustwêzen sterk ferbûn is mei de bylden fan 'e Disney-tekenfilmadaptaasje The Ugly Duckling, út 1939. Yn 1943 waard it mearke troch Douwe Tamminga oerset nei it Frysk as ûnderdiel fan 'e bondel Andersen's Folksforhalen en Mearkes.

It mearke, dat folslein oan Andersen syn eigen fantasij ûntspruten is en yn 't gehiel net op in earder mearke of folksferhaal berêst, fertelt fan in ein dy't in nêst aaien útbriedt. Wylst de oaren allegear al útkommen binne, duorret it mei it lêste en grouste aai mar oan. As dat einlings ek útkomt, blykt it lêste pykje in nuver skepseltsje te wêzen, slongelich en ûnsjoch. It pykje wurdt troch alle oare einen narre en hjitfolge, oant er him úteinlik mar ôfjout om syn heil earne oars te sykjen. Mar wêr't er ek komt, oeral wurdt er wer mei syn lilkens konfrontearre en fuortpesten. Langjend sjocht er grasjeuze swannen oerfleanen. De winter bringt er yn ienlikens en barre omstannichheden troch. Mar as er de oare maityds syn eigen wjerbyld yn it wetter sjocht, docht bliken dat er sels in swan wurden is. Fan dy tiid ôf wurdt er troch in elk priizge om syn skientme en graasje.

In pear swannepykjes.

Andersen syn moraal uteret er oan 'e ein fan it mearke as in tins fan 'e jonge swan: "It is neat net slim om yn in einehok berne te wêzen, as men mar yn in swanne-aai sitten hat." It liket fierhinne in autobiografysk ferhaal te wêzen, want Andersen wie in ûnsjogge jonge mei in útstykjende noas en grutte fuotten dy't yn djippe earmoede opgroeide, mar him yn syn lettere libben ûntjoech ta in fierd skriuwer dy't huldige waard troch keningen. Sûnt de earste útjefte yn 1843 is It Unsjogge Pykje adaptearre ta in ferskaat oan oare media, lykas musicals, ballet en fral animaasje, mei dêrûnder twa Disney-klassikers (beide mei as titel The Ugly Duckling), in swart-wytferzje út 1931, en in kleureferzje út 1939.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(in) It Unsjogge Pykje op Wikisource

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Andersen, Hans Christian, Andersen's Folksforhalen en Mearkes, Assen, 1943 (Van Gorcum & Comp. N.V. Utjowers), sûnder ISBN-nûmer.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.