Quentin Blake

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Quentin Blake
Quentin Blake (90-er jierren)
Quentin Blake (90-er jierren)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Quentin Saxby Blake
nasjonaliteit flagge fan it Feriene Keninkryk Britsk
berne 16 desimber 1932
berteplak Sidcup
wurkpaad
wurksum as Yllustrator, berneboekeskriuwer, cartoonist
jierren aktyf 1968-no
prizen Kate Greenaway Medalje 1980, Hans Christian Andersen Priis 2002
offisjele webside
Hiemside Blake

Sir Quentin Saxby Blake (Sidcup, Grut Londen, 16 desimber 1932) is in Ingelsk cartoonist, yllustrator en skriuwer.

Wurkpaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't Blake 16 jier wie makke er syn earste tekeningen foar it tydskrift Punch. Fan 1953 oant 1956 studearre er Ingelske Literatuer oan it Downing Kolleezje fan de University of Cambridge en oan Universiteit fan Londen. Teffens gie er nei de Chelsea School of Art. De Royal College of Art sluet er ôf mei in diploma.

Blake debutearre yn 1961. Hy is foaral bekend fan syn tekeningen yn de berneboeken fan Roald Dahl. De earste dêrfan wie The Enormous Crocodile. Oare boeken dy't Dahl al earder skreaun hie (lykas Charlie and the Chocolate Factory) binne yn lettere útjeftes op 'n nij fan tekeningen foarsjoen. Alles by inoar yllustrearre Blake mear as 300 jeugdboeken, dêr't ek it debútboek fan David Walliams, The boy in the dress ûnder is. Blake sels hat ek goed 35 boeken skreaun.

Blake waard beneamd ta Kommandeur yn de Oarder fan it Britske Ryk. Teffens is er patroan fan it tal pleatslike ferieningen, lykas de Blake Society, it Downing College, Cambridge, en de Campaign for Drawing.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In kar:

Dizze 35 boeken waarden skreaun en yllustrearre troch Blake.

  • Patrick (Jonathan Cape, 1968)
  • Jack and Nancy (Cape, 1969)
  • Angelo (Cape, 1970)
  • Snuff (Cape, 1973)
  • Lester at the Seaside (William Collins, Sons, 1975)
  • Lester and the Unusual Pet (Collins, 1975)
  • The Adventures of Lester (BBC, 1977)
  • Mister Magnolia (Cape, 1980) —winner fan de Kate Greenaway Medal
  • Quentin Blake's Nursery Rhyme Book (Cape, 1983)
  • The Story of the Dancing Frog (Cape, 1984)
  • Mrs Armitage On Wheels (Cape, 1987)
  • Quentin Blake's ABC (Cape, 1989)
  • All Join In (Cape, 1990) —winner fan de Kurt Maschler Award foar integraasje fan teks en yllustraasje
  • Cockatoos (Cape, 1992)
  • Simpkin (Cape, 1993)
  • The Quentin Blake Book of Nonsense Verse (Viking Press, 1994)
  • Clown (Cape, 1995) —commended runner-up for the Greenaway Medal
  • La Vie de la Page (Gallimard, 1995)
  • Mrs Armitage and the Big Wave (Cape, 1997)
  • Dix Grenouilles (Ten Frogs) (Gallimard, 1997)
  • The Green Ship (Cape, 1998)
  • Zagazoo (Cape, 1998)
  • Zap! The Quentin Blake Guide to Electrical Safety (Eastern Electricity, 1998)
  • Fantastic Daisy Artichoke (Cape, 1999)
  • The Laureate's Party (Random House, 2000)
  • Un Bateau Dans le Ciel (Rue du Monde, 2000)
  • Words and Pictures (Cape, 2000)
  • Tell Me a Picture (National Gallery, 2001)
  • Loveykins (Cape, 2002)
  • Laureate's Progress (Cape, 2002)
  • Mrs Armitage, Queen of the Road (Cape, 2003)
  • A Sailing Boat In The Sky (Random House: Red Fox, 2003)
  • Angel Pavement (Cape, 2004)
  • You're Only Young Twice (Andersen Press, 2008)
  • Daddy Lost his Head (Andre Bouchard, 2009)
  • Quentin Blake: Beyond the Page (Tate Publishing Ltd, 2012)

Blake hat tal fan boeken fan Roald Dahl yllustrearre.

Hy makke ek de yllustraasjes foar de Britske edysje fan Agaton Sax, in Sweedske rige fan comedy-detectiveromans troch Nils-Olof Franzén (oarspronlik yllustrearre troch Åke Lewerth, 1955 oant 1978).

  • Agaton Sax and the Diamond Thieves, 1965
  • Agaton Sax and the Scotland Yard Mystery, 1969
  • Agaton Sax and the Max Brothers (a.k.a. Bank Robbers), 1970
  • Agaton Sax and the Criminal Doubles, 1971
  • Agaton Sax and the Colossus of Rhodes, 1972
  • Agaton Sax and the London Computer Plot, 1973
  • Agaton Sax and the League of Silent Exploders, 1974
  • Agaton Sax and the Haunted House, 1975
  • Agaton Sax and the Big Rig (extended), 1976
  • Agaton Sax and Lispington's Grandfather Clock, 1978
Oars
  • The Learning Journey — National Curriculum, key stages 1 and 2, foar âlders
  • Three Little Monkeys 2016, yllustrearre troch Emma Chichester Clark

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: