Universiteit fan Cambridge
Universiteit fan Cambridge | ||
Wapen fan de Universiteit fan Cambridge | ||
Namme | ||
Latynske namme | Cantabrigia (Cantab.) | |
Biedwurd | Hinc lucem et pocula sacra | |
Lokaasje | ||
Lân | Ingelân | |
Plak | Cambridge | |
Oare bysûnderheden | ||
Type | Iepenbier ûnderwiis | |
Oprjochting | om 1209 | |
Rektor | Prof. Leszek Borysiewicz | |
Tal studinten | 18.271 (2014) | |
Tal meiwurkers | 5.999 (2012) | |
Netwurken | Coimbra, EUA, IARU, LERU, Russellgroep | |
Offisjele webside | ||
www.cam.ac.uk |
De universiteit fan Cambridge is in universiteit yn de Ingelske stêd Cambridge. It is de twads-âldste universiteit yn de Ingelsksprekkende wrâld (nei de Universiteit fan Oxford), en de sânde nei âldens yn de wrâld.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De universiteit fan Cambridge waard yn 1209 stifte troch gelearden út Oxford, wierskynlik studinten dy't it net fine koenen mei de pleatslike befolking; dat harren besluten die om te ferfarren. De Universiteit fan Cambridge en de Universiteit fan Oxford wurde tegearre ek wol ynformeel oantsjut mei Oxbridge. Sy hawwe neist oerienkomsten ek in lange skiednis fan rivaliteit.
De universiteit bestiet út 31, oant op sekere hichte, ûnôfhinklike kolleezjes dy't faak om in plein as gersfjild (court) hinne boud binne en dêr't studinten yntern wenje. Elts kolleezje is apart stifte troch in foarst, geastlike of begoedige boarger. Fan de 31 kolleezjes, binne der 3 dy't allinne froulju talitte en twa dy't allinne postgraduate-studinten oannimme, m.o.w. op masters- of doktoraatsnivo.
By gelegenheid fan it 800-jierrich bestean yn 2009 organisearre de universiteit dat jier in rige eveneminten om de universiteit en har meast ferneamde alumni (sa as John Milton, Sir Isaac Newton en Charles Darwin) hinne.
De útjouwerstûke fan de universiteit, de Cambridge University Press, is de âldste printer en útjouwer yn de wrâld en de twads grutte unversiteitsútjouwerij yn de wrâld.
Reputaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it mêd fan ûnderrjocht hat Cambridge in izersterke reputaasje. Neffens UCAS, it Ingelske systeem foar applikaasje fan studinten, binne Cambridge en Oxford de twa meast selektive universiteiten fan Ingelân. Der is in apart talittingsprogramma foar studinten dy't oan ien fan dy universiteiten studearje wolle.
Dat wurdt wjerspegele yn de kwaliteit fan it ûnderwiis en ûndersyk. Trinity College allinne al hat 36 Nobelpriiswinners ûnder har âld-studinten. In hiel Frankrijk binne dat sa'n 50. De hiele Universiteit fan Cambridge hat 65 Nobelpriiswinners opsmiten, mear as hokker oare universiteit yn de wrâld ek.[1]
Yn ranglisten fan de Britske oerheid út 2001 en 2008 waard Cambridge beide kearen oantsjut as de bêste universiteit fan Ingelân. De "Times Higher Education ranking" foar de bêste universiteiten fan de wrâld, sette Cambridge yn 2009 op it twadde plak, nei de yn it Amerikaanske Cambridge húsmanjende Harvard-universiteit.
De kolleezjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kolleezje | Stiftingsjier |
---|---|
Christ’s | 1505 |
Churchill | 1960 |
Clare | 1326 |
Clare Hall | 1965 |
Corpus Christi | 1352 |
Darwin | 1964 |
Downing | 1800 |
Emmanuel | 1584 |
Fitzwilliam | 1869 (as Fitzwilliam Hall) |
Girton | 1869 |
Gonville en Caius | 1348 |
Homerton | 1976 |
Hughes Hall | 1886 |
Jesus | 1496 |
King’s | 1441 |
Lucy Cavendish | 1965 |
Magdalene | 1428 |
Murray Edwards (oant 2008 New Hall) | 1954 |
Newnham | 1871 |
Pembroke | 1347 |
Peterhouse | 1284 |
Queens’ | 1448 |
Robinson | 1979 |
St Catharine’s | 1473 |
St Edmund’s | 1896 |
St John’s | 1511 |
Selwyn | 1882 |
Sidney Sussex | 1596 |
Trinity | 1546 |
Trinity Hall | 1350 |
Wolfson | 1965 |
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory University of Cambridge fan Wikimedia Commons. |