Springe nei ynhâld

Veenhuizen (Noard-Hollân)

Ut Wikipedy
Veenhuizen
Emblemen
Polityk
provinsje Noard-Hollân
gemeente Dyk en Waard
Oar
Postkoade 1704
Koördinaten 52° 42 'NB, 4° 53 'EL
Kaart
Veenhuizen (Noard-Hollân)
Veenhuizen

Veenhuizen is in buorskip yn 'e Noard-Hollânske gemeente Dyk en Waard yn 'e regio West-Fryslân.

It plak waard yn 1289 as Vehuzen en yn 1396 as Veenhuzen neamd. De plaknamme ferwiist nei it feit dat it wenplak yn it fean leit.

Veenhuizen yn 1740 (tekening út 1892).

Veenhuizen leit yn 'e Veenhuizerpolder. Dy polder is besteand lân, dat yn 'e ringdyk fan in drûchmakkerij kaam te lizzen. De dyk dy't Feanhuzen beskermje moast tsjin it wetter fan 'e Waert (Groenedijk) leit der noch. De Veenhuizerpolder waard en kin ek no noch troch de Veenhuizer mûne ôfwettere wurde. Dy mûne út likernôch 1630 leit flakby de grins mei de Berkmeerpolder. De Veenhuizer mûne stiet wat noardliker as de Berkmeermûne, dy't oan 'e oare kant yn 'e Berkmeerpolder stiet.

Fan 1814 oant 1854 wie Veenhuizen in selsstannige gemeente. Sûnt 1854 makket it plak diel út fan 'e gemeente Hearhugowaard.

Grêfmonumint Reinoud fan Bredero.

Yn Veenhuizen is it praalgrêf fan Reinoud fan Brederode, hear fan Veenhuizen. Dy titel erfde er fan syn mem Adriana Blois fan Treslong. Hy wie ek baron fan Wesenberg yn Estlân, in titel dy't him yn 1616 jûn waard troch de kening Gustaaf II Adolf fan Sweden, as wurdearring foar syn krewearjen by de Frede fan Stolbova. Dat praalgrêf stiet hjoed-de-dei yn it foarportaal fan 'e moderne Nederlânsk-Herfoarme tsjerke. Dy tsjerke waard yn 1963 boud en stiet op it plak fan in lytse tsjerke út 1862. En dy tsjerke, in saneamde wetterskipstsjerke, waard boud oer de resten fan in midsiuwske tsjerke. Yn it Brederodejier 2016 binne dêr opgravings dien, dy't net allinnich de fûneminten fan 'e tsjerke út 1862 oan it ljocht brochten, mar ek de fundearringsresten fan dy folle âldere en folle gruttere tsjerke. Argeologysk binne dy oerbliuwsels ûndersocht en neffens rûzing boud tusken 1250 en 1300. By de hjoeddeiske tsjerke stiet in klokkestoel mei in yn 1460 getten klok.

Op it begraafplak efter de tsjerke binne de grêven fan trije Ingelske bemanningsleden, dy't op 2 july 1940 mei harren bommesmiter Bristol Blenheim Mark IV yn 'e greide by de tsjerke delstoarten.

De besetting fan it fleantúch bestie út:

  • Squadron Leader Hurll F. Chester; piloat yn 'e âldens fan 34 jier.
  • Sergeant Herbert Histon; navigator, yn 'e âldens fan 29 jier.
  • Sergeant Robert James McAllister; wireless operator, yn 'e âlden fan 27 jier.

Se makken allegear diel út fan it 82nd Squadron Bomber Command fan 'e Royal Air Force

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: