Springe nei ynhâld

Veenhuizer mûne

Ut Wikipedy
Veenhuizer mûne
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
gemeente Dyk en Waard
plak Hearhugowaard
adres Veenhuizerkade 3
koördinaten 52° 41'N 4° 53'E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje poldermûne
flecht 26,00/25,70 m
boujier 1603
oare ynformaasje
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 21081
Kaart
Veenhuizer mûne (Noard-Hollân)
Veenhuizer mûne

De Veenhuizer mûne, ek wol koartwei de Veenhuizer neamd, is in poldermûne by Veenhuizen yn it doapsgebiet fan Hearhugowaard. De mealreeë mûne is ferneamd nei de polder dy't er bemeallet. Yn 'e mûne is in wente en de mûne kin net besichtige wurde.

Al yn 1529 wie in part fan it lân fan Veenhuizen, dat oan 'e noardlike kant fan 'e doe noch net drûchmakke Hearhugowaard lei, mei kaden tsjin it boezemwetter befeilige. Om 't poldermûnen op 'e Waard útmeallen hie dat fan gefolgen dat der jimmeroan mear wetterlêst ûntstie. Dêrfandinne moast de Langereis omlein wurde, it kanaal dat fan 'e Geestmerambachtsboezem it wetter oer it lân fan Veenhuizen nei de seedyk by Aartswâld op 'e Sudersee ôfwettere. Sa krige de hear fan Veenhuizen de mooglikheid om syn lân binnen ien bepoldering te bringen, dy't yn dy tiid noch net bemealle waard. Nei alle gedachten waard dêrnei rillegau mei de bemealling útein set.

Op in kaart fan 1603 stie op 'e lokaasje fan 'e mûne in binnenkruier. It skeprêd fan 'e mûne waard yn 1864 ferfongen troch in skroef. Yn 1879 waard oan 'e noardeastlike kant fan 'e polder in gemaal boud, dy't lykwols yn 'e jierren 1930 ôfbrutsen waard foar de oanlis fan 'e dyk Niedorperverlaat-Hoorn. It gemaal waard yn 1934 ferfongen troch in elektrysk gemaal njonkend e mûne, dy't dêr ek no noch stiet.

De mûne waard sûnt noch út en troch brûkt, mar nei de Twadde Wrâldkriich wie it dien mei it meallen op 'e wyn. It doarre oant de jierren 1971-1972 doe't de mûne wer draaifeardich makke waard. By dy restauraasje waard de mûne ek geskikt makke foar in djippere bemealling.

Sûnt 1989 kin de stielen skroef ek elektrysk oandreaun wurde, sadat it gemaal by de mûne syn funksje ferlear. Tichteby dy mûne stiet noch in mûne,

Wat súdlik fan 'e Veenhuizer stiet de Berkmeermûne, dy't de polder Berkmeer bemeallet. De mûne stiet dêr sûnt 1803 en waard oarspronklik yn 1608 yn Hensbroek boud. Wat noardeastlik oan 'e Langereis stiet de mûne fan 'e polder De Lage Hoek, ek bekend ûnder De Vier Winden. Oan 'e oare kant fan de polder Berkmeer stiet de Kaagmûne, dy't de Kaagpolder bemeallet.

De Veenhuizer is in achtkante, reiddutsen muonts mei in flecht fan 26,00/25,70 m. Eigner is it Hoogheemraadschap Hollands Noorderkwartier.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: