Springe nei ynhâld

De Kempenaer

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Van Andringa de Kempenaer)

De Kempenaer is de namme fan in bekende Nederlânske famylje. De stamfaar is Jan de Kempenere,[1] fermeld yn Brussel 1422-1466. Guilliam de Kempenaer († 1611) fan Brussel, keapman yn speserijen, waard yn 1581 poarter fan Amsterdam. Ien staach fan it laach hjit Van Andringa de Kempenaer.[2] Trije leden fan dizze staach waarden mei harren wetlike neisieten yn manlike line yn 1816 en 1861 troch ferheffing ta de Nederlânske adel rekkene.

Nederlânske adel

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Groanologyske folchoarder

  • Lindemans, Dr. Jan, "De Kempeneer", Oude Brabantse Geslachten, 23 (Brussel 1949).
  • Nederland's Patriciaat, 39 (De Haach: CBG[5] 1953), 149-163.[6]
  • Nederland's Adelsboek, 86 (De Haach: CBG 1996-1997), 299-321.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Hy wie ien fan de natuerlike bern fan Cornelis de Kempenere (fermeld Sint-Pieters-Leeuw 1427, presbiter proast 1403-1416, dêrnei abt fan de abdij fan de Norbertinen yn Grimbergen, † 1446) en Margriete Bosch. Dat wie in soan fan Gielis de Kempenere (fermeld 1374) en Margriete fan Cottem en pakesizzer fan Jan de Kempeneer (fermeld Anderlecht 1347).
  2. Hja stamje ôf fan Regnerus Livius van Andringa de Kempenaer (1752-1813); dy syn lêste foarnamme (de geslachtsnamme fan syn beppe Romelia de Kempenaer-fan Andringa) waard letter by de famyljenamme lutsen.
  3. K.B. fan 24 novimber 1816 N° 39, Lª H².
  4. K.B. fan 5 febrewaris 1861 N° 78.
  5. Centraal Bureau voor Genealogie.
  6. De genealogy waard earder publisearre yn N.P. 22 (1935-1936), 206-218.