Julius Burmania van Andringa de Kempenaer
Jhr. Julius Burmania van Andringa de Kempenaer (Arnhim, 30 jannewaris 1813 - Ljouwert, 13 maart 1887) wie fan 1840 oant 1847 grytman fan Doanjewerstâl.
Julius Burmania van Andringa de Kempenaer wie de jongste soan fan Regnerus Livius van Andringa de Kempenaer (De Bosk, 24 maart 1752 - Arnhim, 3 desimber 1813) en Tjallinga Aurelia Wilhelmina Camstra thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (1775-1857).
Van Andringa de Kempenaer folge ûnderwiis yn Frjentsjer en studearre neitiid rjochten oan 'e Ryksuniversiteit Leien.
Op 4 april 1837 troude hy mei Aletta Catharina Alberta van Ekenstein (Ljouwert, 13 oktober 1814 - dêre, 25 maart 1875), dochter fan Willem Alberda van Ekenstein en Catharina de Wendt. Ut dit houlik kamen:
- Tjallinga Aurelia Wilhelmina Camstra van Andringa de Kempenaer (Ljouwert, 5 febrewaris 1838 - De Haach, 7 maart 1908)
- Willem van Andringa de Kempenaer (Ljouwert, 23 novimber 1839 - Aldwâld (Kollumerlân), 24 juny 1910)
- Regnerus Livius van Andringa de Kempenaer (1841-1866), (Langwar, 19 augustus 1841 - Ljouwert, 30 july 1866)
- Catharina van Andringa de Kempenaer (Ljouwert, 15 febrewaris 1843 - Den Haag, 20 novimber 1918)
- Daniël Wilco van Andringa de Kempenaer (Ljouwert, 24 febrewaris 1842 - Zutphen 11 septimber 1915)
- Quirius Catharinus Julius van Andringa de Kempenear (Ljouwert, 10 oktober 1850 - Den Haag, 24 juny 1888)
Julius liet oan syn bern in boel nei mei in wearde fan f 1.127.823 na. Dêrby siet ek de helte fan de neilittenskip dy't hy fan syn net-troude broer broer Wilco urven hie. Dêrby siet in soad ûnreplik guod dat eartiids besit west hie fan harren heit Regnerus Livius.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |