Springe nei ynhâld

Valerie Bertinelli

Ut Wikipedy
Valerie Bertinelli
akteur
Valerie Bertinelli yn 2012.
Valerie Bertinelli yn 2012.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Valerie Anne Bertinelli
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 23 april 1960
berteplak Wilmington (Delaware)
etnisiteit Italjaansk
Ingelsk
jierren aktyf 1974 – no
prizen 2x Golden Globe
offisjele webside
www.valeriebertinelli.com

Valerie Bertinelli (folút: Valerie Anne Bertinelli; Wilmington (Delaware), 23 april 1960), is in Amerikaansk aktrise fan mingd Italjaansk-Ingelsk komôf. Hja is it bekendst wurden mei rollen yn 'e tillefyzjesearjes One Day at a Time, Café Americain, Touched by an Angel en Hot in Cleveland.

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bertinelli waard berne yn Wilmington, yn 'e steat Delaware, as de dochter Luke Bertinelli, dy't in liedingjaande funksje beklaaide by it Amerikaanske autofabryk General Motors, en dy syn frou Nancy Carvin. Har heit wie fan Italjaansk komôf, en yn 2014 die út geneälogysk ûndersyk foar it programma Who Do You Think You Are? bliken dat har mem yn 'e rjochte froulike line ôfstammet fan 'e Ingelske kening Edwert I, dy't yn regearre fan 1272 oant 1307.

Bertinelli hie fjouwer bruorren, twa âldere en twa jongere; ien âldere broer, Mark, kaam mei santjin moannen, noch foar Bertinelli har berte, om by in gefal fan fergiftiging by fersin. Foar har heite wurk moast it (roomske) gesin gauris ferhúzje, en Bertinelli groeide op yn Claymont yn Delaware, Clarkston yn Michigan, Shreveport yn Louisiana, Oklahoma City yn Oklahoma en úteinlik yn 'e wyk Los Feliz fan Los Angeles, yn Kalifornje. Dêr gie Bertinelli nei de middelbere skoalle en die se in teäteroplieding oan 'e Tami Lynn School of Artists. Se makke de middelbere skoalle lykwols net ôf, oant se yn 2008, op har 48ste, dochts noch in diploma behelle.

Valerie Bertinelli yn 1975, yn One Day at a Time.

Nei't se yn 1974 in gastrol ferfolle hie yn 'e searje Apple's Way, waard Bertinelli frege foar in fêste rol yn 'e nije komeedzjerige One Day at a Time. Dy searje kaam yn it neijier fan 1975 foar it earst op 'e tillefyzje, en Bertinelli spile dêryn Barbara Cooper, de dochter yn it gesin dêr't de rige oer gie. Yn it earste seizoen dat de searje rûn, wie se fyftjin jier, en se spile yn 207 fan 'e yn totaal 209 ôfleverings foar't de One Day at a Time yn 1984 (doe't se 24 jier wie) úteinlik stopset waard. Neitiid hie Bertinelli yn 'e twadde helte fan 'e jierren tachtich en it begjin fan 'e jierren njoggentich fral rollen yn tillefyzjefilms as Silent Witness (1985) en Pancho Barnes (1988), en yn 'e minysearje I'll Take Manhattan (1987).

Bertinelli hie de haadrol yn twa komeedzjerigen, as priveedetektive Sydney Kells yn Sydney (1990), dat nei ien seizoen al stopset waard, en as Holly Aldridge, in Amerikaanske kafeehâldster yn Parys, yn Café Americain (1993-1994). Fierders gie se troch mei te spyljen yn tillefyzjefilms as Two Mothers for Zachary (1996) en it tige fermaaklike Wilderness Love (ek wol bekend as Personally Yours, út 2000). Yn 2001 joech se har foar de lêste beide seizoenen by de fêste cast fan 'e searje Touched by an Angel. Fan 2011 ôf spile se yn 'e komeedzjesearje Hot in Cleveland (mei û.o. Bettie White en Jane Leeves), dy't noch altyd rint (neijier 2013). Op 22 augustus 2012 krige Bertinelli har eigen stjer (de 2.476ste) op 'e Hollywood Walk of Fame.

Valerie Bertinelli yn 2008.

Bertinelli troude op 11 april 1981 mei muzikant Eddie Van Halen, en krige mei him in soan, Wolfgang (1991). Se skiede fan him yn desimber 2007, nei eigen sizzen om't er ferslave rekke wie oan kokaïne en om't er boppedat wegere om op te hâlden mei smoken, sels al wied er oanhelle rekke mei tongkanker en hied er dêroan in trêdepart fan syn tonge ferlern. It pear wie al earder fan tafel en bêd skieden, en sûnt 2004 sloech Bertinelli om mei finansjeel adviseur Tom Vitale, mei't wa't se op nijjiersdei 2011 wertroude.

Bertinelli, dy't troch de jierren hinne swierrichheden mei har gewicht hân hat, is sûnt 2009 wurdfierster foar it Jenny Craig-ôffalprogramma. Dêrfoar hat se û.m. meidien oan ferskate reklamespotsjes, mei oare bekende Amerikaanske swiergewichten, lykas aktrise Kirstie Alley. Neffens harsels is Bertinelli tanksij it Jenny Craig-programma 23 kg kwytrekke. Yn har autobiografyske boek Losing It: And Gaining My Life Back One Pound at a Time (2008) skriuwt se dat se harsels mear sjocht as in ôffalaktiviste, en net sasear as reklamemakker foar ien beskaat ôffalprogramma. Yn 2009 kaam in ferfolch út: Finding It: And Satisfying My Hunger for Life without Opening the Fridge. Yn 2010 draafde se de Maraton fan Boston yn 5 oeren, 14 minuten en 37 sekonden om jild byinoar te bringen foar it Dana-Farber Cancer Institute.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.