Springe nei ynhâld

Utsmiter (berop)

Ut Wikipedy
In útsmiter foar de doar fan in stripklub yn San Francisco.

In útsmiter is immen dy't foar in part portier is en foar in part befeiligingsman. It is in berop dat fral in protte foarkomt yn it útgeanslibben, by nachtklubs, diskoteken, stripklubs, kasino's, ensfh., mar ek wol by publykstagonklike bedriuwen en eveneminten yn oare sektoaren, lykas lommerts en konserten.

It is de taak fan in útsmiter om persoanen dy't net winske binne, bûtendoar te hâlden. Dêrby giet it alderearst om minderjierrigen (ynsafier't dy net nei binnen meie), lju dy't al dronken binne en lju dy't har by in earder besyk ferfelend holden en droegen hawwe en dêrom op 'e sprekwurdlike 'swarte list' kommen binne. Mar it kin ek gean om lju dy't net de juste klean of skuon oan hawwe en dêrmei net oan 'e dresscode fan 'e saak foldogge. Fierders komt it soms foar dat der rasisme of in oare foarm fan diskriminaasje yn it spul is en dat útsmiters lju de tagong wegerje op basis fan har hûdskleur, etnisiteit of seksuele oriïntaasje, al sil dat yn sokke gefallen net mei safolle wurden sein wurde om't dat strafber is.

Behalven it bewekjen fan 'e tagong ta de gelegenheid heart ta it wurk fan in útsmiter ek it eigentlike 'útsmiten', d.w.s. it ferwiderjen út 'e saak fan klanten dy't al binnen binne, mar har op ûnwinske wize hâlde en drage. Dat kin bgl. wêze troch rûzje te sykjen, troch oare klanten lestich te fallen of troch oar ûnfoechsum gedrach te fertoanen. Yn sokke gefallen heart in útsmiter fatsoenlik mar rislút fanwegen te kommen en de persoan yn kwestje mei sa min mooglik fysyk kontakt nei de útgong te begelieden.

Om foar te kommen dat ferfelende klanten de kâns krije om amok te meitsjen en dêrby skea oan te rjochtsjen of de wille fan goedwollende klanten te bedjerren, patrûljearje útsmiters faak ek troch de saak. Dêrmei besykje se ûnwinske eleminten mank de kliïntêle ier te sinjalearjen, sadat se sa betiid mooglik yngripe kinne as it spul driget te eskalearjen. Op dy wize besykje se de sitewaasje sa feilich mooglik te hâlden foar alle besikers en ek foar harrensels. Troch har wurk binne útsmiters gauris belutsen by slaanderij. Lju dy't út in saak set wurde, of dy't oan 'e doar wegere wurde, fetsje dat no ienris net altyd goed op. Ek as der binnendoar of fuort foar de doar fan in útgeansgelegenheid slaanderij tusken klanten of potinsjele klanten ûnderling útbrekt, reitsje útsmiters dêr gauris yn behelle om't it harren taak is om it gefjocht te beëinigjen.

Utsmiters binne faak grutte, gewante manlju. Dat helpt net inkeld om fluch en beslissend fanwegen te kommen as it gebrûk fan geweld net te mijen is, mar sa'n uterlik helpt ek om troch yntimidaasje in protte potinsjele swierrichheden al yn 't foar yn 'e kym te smoaren. It gebrûk fan yntimidaasje helpt lykwols net om fan 'e útsmiter in berop mei oansjen te meitsjen. Nettsjinsteande dat is it sa dat útsmiters yn 'e Nederlânske hoareka sûnt de ynfiering fan 'e Wet Partikuliere Befeiligingsbedriuwen en Resjerzjeburo's (WPBR), yn 1999, yn it besit wêze moatte fan in diploma, it op namme stelde SVH Diploma Horecaportier, dat ôfjûn wurdt troch de Stichting Vakbekwaamheid Horeca (SVH). Om dat diploma te beheljen, moat men sawol teoretyske as praktyske training ûndergien hawwe. Yn guon útgeansgebieten wurkje útsmiters nau gear mei de plysje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.