Untdekking fan Hawaï
De konsensus ûnder skiedkundigen is noch altyd dat de ûntdekking fan Hawaï yn 1778 plakfûn, doe't de Britske ûntdekkingsreizger James Cook de Hawaï-eilannen besocht en se nei syn oerhearrige en opdrachtjouwer de Sandwicheilannen neamde. Cook kaam in jier letter om by in twadde besyk oan 'e arsjipel. Der besteane lykwols sterke, mar min dokumintearre oanwizings dat it eins de Spanjerts wiene, dy't de eilannen al yn 'e sechstjinde iuw ûntdieken.
In Spaanke ûntdekking?
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It hat wol kâns dat Spaanske seefarders de Hawaï-eilannen al yn 'e sechstjinde iuw besochten, twahûndert jier foar de offisjele ûntdekking fan 'e arsjipel. Yn 1542 fierde Ruy López de Villalobos it befel oer in float dy't fan Acapulco yn Nij-Spanje (it lettere Meksiko) nei de Filipinen fear, mei de seeman Juan Gaetano as loads. Underweis soene hja by in groep eilannen lâns syld wêze. Ofhinklik fan 'e ynterpretaasje fan 'e oerlevere reisbeskriuwing moatte dat òf de Hawaï-eilannen, òf de Marshalleilannen west hawwe. As it de Hawaï-eilannen wiene, soe Gaetano de ûntdekker fan 'e arsjipel neamd wurde kinne, mar troch de breklike dokumintearring wurdt dit foarfal troch de measte histoarisy fansiden skood.
De ûntdekking fan Hawaï troch James Cook
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It earste dokumintearre besyk fan Jeropeänen oan 'e Hawaï-eilannen fûn plak yn 1778, doe't de Britske ûntdekkingsreizger James Cook de arsjipel oandie en nei de doetiidske Britske minister fan Marine John Montagu, 4e greve fan Sandwich, de Sandwicheilannen neamde. Cook stavere de lânseigen namme as Owyhee (útspr.: "owaihii"), in foarm dy't tsjintwurdich noch fuortlibbet yn 'e namme fan Owyhee County, yn Idaho (dy't sa neamd waard nei't trije Hawaïaanske leden fan in jachtpartij dêr fermist rekken).
In Hawaïaanske myte ferhellet hoe't de god Lono op in reinbôge út 'e himel nei Hawaï ried, dêr't er fereale rekke op 'e kreaze prinsesse Kaikilani, dy't er ta frou naam. Doe't er lykwols murk dat der in haadman wie dy't ek in eachje op har hie, waard er fan jaloerskens sa breinroer, dat er har deasloech. Mar wylst se stoar, oertsjûge se him fan har útslutende leafde foar him allinne. Hy wie stikken fan fertriet om wat er dien hie en nei moannen fan doelleas omswalkjen, sette er ôf de see op yn in reuseftige kano mei in hege mêst en seilen fan weve Niïhau-matten. Foar't er ôfsette, lykwols, ûnthiet er it folk dat er ien dei weromkomme soe. De Hawaiïanen holden it oantinken oan him yn libben troch in jierliks rispingsfeest, de makahiki, dat fjouwer moannen duorre. Yn dy tiid waarden der behalven feesten en religieuze rituëlen ek sportmjittings holden, lykas atletyk-, wraksel- en kanoroeiwedstriden en fiskers- en surftoernoaien. Sels de oarlochfiering waard stillein foar de makahiki.
Troch in spiling fan it lot wie de makahiki beide kearen oan 'e gong doe't de James Cook earst op 18 jannewaris 1778 en doe wer op 17 jannewaris 1779 it eilân Hawaï oandie. De tiid fan syn komst, de hege mêsten en wite seilen fan syn skip, sels it feit dat er mei de klok mei om it eilân hinne syld wie, alles kaam oerien mei de legindaryske foarsizzing oer hoe't de god Lono weromkeare soe. De minsken foelen dan ek foar him op 'e knibbels ûnder it oanroppen fan syn namme. It is net dúdlik oft de preesters ek leauden dat Cook Lono wie, of dat se de gewoane lju dat allinne leauwe lieten om harren eigen macht te fergrutsjen. Wat wol wis is, is dat Cook gjin idee hie dat er beide kearen ûnder in wichtich religieus festival arrivearre wie. Hy tocht dat dit de normale gong fan saken wie op Hawaï en hy hie in tige positive yndruk fan 'e eilânbefolking. Doe't er nei syn twadde ôfreis yn in stoarm belâne en mei in brutsen mêst foar reparaasjes weromgie nei it eilân, die bliken dat it hiel oars wie.
Doe't er nammentlik op 11 febrewaris 1779 wer by Hawaï oankaam, wie de makahiki ûnderwilens ôfrûn. Boppedat waard er troch syn brutsen mêst en it feit dat er diskear tsjin 'e klok yn om it eilân hinne fearn wie, sjoen as in ûngeloksbringer. Al gau kaam it ta botsings tusken de Britten en de Hawaïanen. Cook syn mannen brieken ôffredings ôf en namen fike godsbylden út 'e timpels om as baarnhout te tsjinjen, en yn reäksje lei de pleatslike ali‘i beslach op ien fan Cook syn roeiboaten. Dêrop naam Cook op 14 febrewaris Kalani‘ōpu‘u, de kening fan it eilân Hawaï, yn gizeling oant de roeiboat weromjûn wurde soe. Dy taktyk hie goed fertuten dien by eardere konfrontaasjes mei de lânseigen befolking op û.o. Tahity. By de folle oarlochssuchtiger kultuer fan 'e Hawaï-eilannen wie it lykwols in tragyske ynskattingsflater, mei't de Hawaïanen net mei har spotte lieten. Wylst Cook-en-dy de kening mei werom oer it strân namen nei har wachtsjende sloepen, waarden se fan alle kanten oanfallen troch yn 'e oarloch behurde krigers, mei as gefolch de dea fan Cook sels en fjouwer Britske mariniers.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side. |