Springe nei ynhâld

Twiljocht (roman fan Elie Wiesel)

Ut Wikipedy
Twiljocht
algemiene gegevens
oarspr. titel Le Crépuscule, au Loin
auteur Elie Wiesel
taal Frânsk
foarm roman
sjenre holokaustliteratuer
1e publikaasje 1987, Parys
oarspr. útjwr. Éditions Bernard Grasset
kodearring
ISBN 2 24 63 90 613
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Twiljocht
publikaasje 2009, Dokkum
útjouwer KFFB
oersetter Jacobus Knol
ISBN oers. 978-9 07 49 18 718

Twiljocht, yn it oarspronklike Frânsk: Le Crépuscule, au Loin, is in roman fan 'e hân fan 'e Joadsk-Amerikaanske skriuwer, heechlearaar, polityk aktivist, Nobelpriiswinner en holokaustoerlibbene Elie Wiesel (1928). It fertelt it ferhaal fan in psycholooch dy't sels psychologysk sjoen noch mei himsels yn it reine komme moat oangeande syn ûnderfinings yn 'e Twadde Wrâldoarloch. It mei autobiografyske eleminten ôfmakke Le Crépuscule, au Loin is skreaun yn it personele perspektyf en waard foar it earst útjûn yn 1987. De Fryske oersetting fan Jacobus Knol kaam út yn 2009.

Raphael Lipkin is in oerlibbene fan 'e holokaust, dy't no yn 'e Feriene Steaten psycholooch is. Yn in perioade fan syn libben dat er in iensum bestean liedt — de frou is by him weigien en syn bêste freon is koartby ferstoarn — wurdt er mei in anonym tillefoantsje, wêryn't syn efter it Izeren Gerdyn weiwurden freon Pedro bekritisearre wurdt, nei de Mountain Clinic ta lokke. Dat is in unike psychiatryske ynrjochting, wêrfan't de pasjinten allegearre miene dat se bibelske figueren binne. Lipkin hâldt dêr fraachpetearen mei lju dy't harsels foar Adam, Kaïn, Abraham, Joazef of sels God hâlde, wylst er besiket te efterheljen wa't der efter dat tillefoantsje sit en wat dy persoan oer de riedselige Pedro wit. Underwilens spylje syn eigen oarlochsûnderfinings him parten, en is er bang dat er sels gek oan it wurden is.

Lipkin is opgroeid yn Rovidok, in stedsje yn it Poalske Galysje. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch binne syn heit en mem, syn bruorren Hayim en Ezra, en syn suster Ester yn 'e Dútske konsintraasjekampen fermoarde, wylst syn oare broer Joel nei de Sovjet-Uny ûntkomd is om dêr wei te wurden yn 'e tsjerkers en gûlachs fan 'e NKVD (de foarrinner fan 'e KGB), mei't men him foar in spion fan 'e Dútsers hold. Nei de oarloch kearde Lipkin as iennichste oerlibbene fan syn famylje werom nei Galysje, dat doe ta de Sovjet-Uny hearde om't de Poalske grinzen nei it westen ta opskood wiene. Hy moete dêr Pedro, in agint fan 'e Briha, in ûndergrûnske joadske organisaasje dy't de oerlibbenen fan 'e holokaust it Eastblok útsmokkele, en de man waard syn earste nije freon, oant syn hommelse ferdwining in pear jier letter. No wol de anonime beller hawwe dat Pedro in NKVD-agint wie, in ferrieder fan syn eigen folk, en Lipkin is net by steat en bewiis it tsjindiel. Yn 'e Mountain Clinic komme Lipkin syn wurk, syn oarlochsûnderfinings en syn nei-oarlochske libben foar it earst byinoar en moat er te riede oer de djipste fragen fan it minsklik bestean.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan Le Crépuscule, au Loin ferskynde yn 2009 ûnder de titel Twiljocht by de Kristlik Fryske Folksbibleteek (nû. 453), mei stipe fan 'e provinsje Fryslân. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan Jacobus Knol te Dokkum, dy't it boek net oersette út it Frânsk, mar út it Ingelsk, nei de oersetting Twilight fan Marion Wiesel, de frou fan 'e skriuwer.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.