Springe nei ynhâld

Tsjerke fan de Sillichprizings

Ut Wikipedy
Tsjerke fan de Sillichprizings
כנסיית הר האושר
Lokaasje
lân Israel
plakKapernaüm
koördinaten32°52' N 35°33' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
Arsjitektuer
arsjitektAntonio Barluzzi
boujier1936-1938
boustylNeobyzantynske styl
Webside
Side fan it kleaster
Kaart
Tsjerke fan de Sillichprizings (Israel)
Tsjerke fan de Sillichprizings

De Tsjerke fan 'e Sillichprizings (Hebriuwsk: כנסיית הר האושר‎) is in roomsk-katolike tsjerke op 'e Berch fan de Sillichprizings by de Mar fan Galiléa tusken Tabgha en Kapernaüm yn Israel.

De tsjerke leit op in lytse heuvel mei it útsjoch oer de Mar fan Galiléa, de tradisjonele "berch" dêr't Jezus de berchrede spriek. De hjoeddeiske tsjerke leit wat heger de heuvel op as de ruïnes fan in lytse tsjerke út de Byzantynske tiid út de 4e iuw, mei dêrûnder in út de rotsen houde systerne en nei it súdeasten de resten fan in lyts kleaster. In diel fan 'e orizjinele mozaykflier is weromfûn en te sjen yn Kapernaüm.

It plak wurdt sûnt de 4e iuw fereare troch kristlike pylgers. Yn har reisferslach nei it Hillige Lân skreau de pylger Egeria út Bordeaux nei har beskriuwing oer de Fermannichfâldigingstsjerke yn likernôch 381: "Flak dêrby op in berch is de rots, dêr't de Ferlosser op klom en de sillichprizings útspriek". Sawol paus Paulus VI as paus Johannes Paulus II fierden de misse yn 'e tsjerke doe't hja nei it Hillige Lân pylgeren.

De moderne tsjerke waard tusken 1936 en 1938 boud by de lokaasje fan 'e 4e iuwske byzantynske ruïnes. It grûnplan is achthoekich, ien hoek foar eltse sillichprizing. De tsjerke is neobyzantynsk fan styl mei moarmeren wanden en in gouden mozayk yn 'e koepel. Om it alter hinne binne op 'e flier mozaïken fan d'e symboalen fan 'e sân deugden oanbrocht. De tsjerke waard ûntwurpen troch de ferneamde Italjaanske tsjerke-arsjitekt Antonio Barluzzi, yn opdracht fan Benito Mussolini.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: