Springe nei ynhâld

Tsjerke fan de Fermannichfâldiging fan de Bôle

Ut Wikipedy
Fermannichfâldingstsjerke
Lokaasje
lân Israel
plak Tabgha
koördinaten 32°52' N 35°34' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
Arsjitektuer
arsjitekt Anton Goergen en Fritz Baumann
boujier 1980-1982
boustyl neobyzantynske styl
Kaart
Tsjerke fan de Fermannichfâldiging fan de Bôle (Israel)
Tsjerke fan de Fermannichfâldiging fan de Bôle

De Tsjerke fan 'e Fermannichfâldiging fan 'e Bôle en Fisk, koartwei de Fermannichfâldigingstsjerke, is in roomske tsjerke yn Tabgha, oan 'e noardwestlike kant fan 'e Mar fan Tiberias yn Israel. De moderne tsjerke stiet op it plak fan twa âldere foargongers.

De earste tsjerke waard om it jier 350 boud.

Twadde Byzantynske tsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it jier 480 waard de tsjerke in stik grutter makke. Ek krige de tsjerke fliermozayken. De ferbouwing wurdt taskreaun oan 'e patriarch Martyrius fan Jeruzalim. Yn 614 ferneatigen de Perzen de Nyzantynske tsjerke.

Undersyk 19e en 20e iuw en hjoeddeiske tsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ynterieur.

Nei de ferneatiging yn 614 rekke it plak foar mear as 1300 jier yn it ferjitten. De Dútske feriening Palästina-Verein der Katholiken Deutschlands koe it plak yn 1888 bemachtigje en yn 1892 sette it earste ûndersyk útein, folge troch mear opgravingen yn 1932 en 1936. Dy opgravings resultearren yn it ûntdekken fan 'e mozaykflierren fan 'e 5e-iuwske tsjerke, dy't neffens it ûndersyk boud wie op 'e fûneminten fan in folle lytsere 4e-iuwske kapel.

Alter.

De hjoeddeiske yn Byzantynske styl ûntwurpen tsjerke waard tusken 1980 en 1982 troch de Keulse arsjitekten Anton Goergen en Fritz Baumann op 'e 5e-iuwske fûneminten boud. Op guon plakken binne noch de âlde swarte muorren fan basalt fan 'e âlde tsjerke te sjen. De ljochte kalkstien fan it moderne gebou is ôfkomstich út it kristlike doarp Taiyiba oan 'e wei fan Jericho nei Ramallah. It iepen dakstuolte waard út Dútslân helle en de reade tegels út Itaalje. It portaal fan 'e tsjerke waard troch de Dútske byldhouwer Elmar Hillebrand foarmjûn.

Folgjend op in rige fan oanslaggen op kristlike doelen troch ekstremistyske joaden waard op 17 juny 2015 in oanslach op 'e tsjerke dien. Troch de brânstifting moasten in muonts en in frijwilliger yn it sikehûs behannele wurde foar reekfergiftiging. It diel fan 'e tsjerke by de yngong rekke slim skeind en de kleasterpoarte mei it súdlike diel fan it atrium waard folslein ferwoastge. Ek waard it gebou bekladdere mei anty-kristlike gjalpen. De Israelyske autoriteiten neamden it in terroristyske oanslach en arrestearren jonge kolonisten, dy't by de militante organisaasje Noar haGvaot hearden. De restauraasje en rekonstruksje duorre hast twa jier en bedroech likernôch 1 miljoen euro.[1][2] [3][4].

Mozayk foar it alter.

De trijeskippige tsjerke hat in transept oan beide kanten en einiget mei in apsis.

Under it alter leit in by de opgravings bleatlein stik rots, dat fereard wurdt as it plak dêr't Jezus nei de wûnderlike fiskfangst mei de apostels iten hawwe soe (Jehannes 21).

De restaurearre 5e-iuwske mozaïken meitsje de tsjerke ek foar net-kristenen it besjen wurdich. It binne de âldst bekende foarbylden fan figurative fliermozaiken fan kristlike keunst yn it Hillige Lân. De mozaiken stelle benammen wetterfûgels en -planten út Galiléa foar, mar prominint oanwêzich is ek de Lotusblom, dy't yn dy kontrijen net lânseigen is. It ûntdutsen mozayk foar it alter lit in koer mei stikken bôle sjen mei oan wjerskanten in fisk.

Fan 'e Byzantynske tsjerke binne yn 'e moderne tsjerke lofts fan 'e yngong nei it atrium âlde basalten tegels en in diel fan it apsisfries te sjen. De fûneminten fan 'e oarspronklike 4e-iuwske tsjerke kinne ûnder glês rjochts fan it alter sjoen wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Church of the Multiplication Bible Walks