Springe nei ynhâld

Kapernaüm

Ut Wikipedy
Synagoge yn Kapernaüm

Kapernaüm (modernere transliteraasje: Kafarnaüm) (Hebriuwsk: כפר נחום - Kefar Nachum, "doarp fan Nahum") wie in delsetting oan de noardigge fan de Mar fan Tiberias. It plak wie fan 150 f.Kr. en 750 n.Kr. bewenne. Yn de tiid fan de Hasmoneeën-dynasty (2e iuw f.Kr. - 63 f.Kr.) wie it in fiskersdoarp mei sa'n 1500 ynwenners.[1]. Archeologyske opgravingen hawwe twa âlde synagogen oan it ljocht brocht; sy wienen boppe op elkoar boud. Fan in tsjerke ûnder Kapernaüm wurdt sein dat it de wente fan Petrus west hat.

Distiid binne de ruïnes en it oanswettend gebiet it besit fan de Fransiskanen.

Kapernaüm wurdt yn it Nije Testamint it wenplak fan Jezus neamd en fan ferskillende fan syn disipelen neamd: de bruorren Simon Petrus en Andreas, de bruorren Jakobus en Jehannes en fierders Matteüs de tolgarder fan it evangeelje mei deselde namme.

Jezus en Kapernaüm

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jezus sette him doe't er heard hie dat Johannes de Doper fêstset wie nei wenjen yn Kapernaüm (Matteüs 4:13). Yn de pleatslike synagoge joech er ûnderrjocht (Markus 1:21, Lucas 4:31 en Jehannes 6:59). Ek ferwite Jezus de ynwenners fan Kapernaüm dat hja harren net bekearre woenen, nettsjinsteande de wûnders dy't er dien hie (Matteüs 11:23 en Lukas 10:15).

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Borgen, P, Aune, DE, Seland, T & Ulrichsen, JH 2003, Neotestamentica et Philonica, BRILL Publishing.