Springe nei ynhâld

Tsjerke fan de Ikoan fan de Barmhertige Mem Gods (Sint-Petersburch)

Ut Wikipedy
Tsjerke fan 'e Barmhertige Mem Gods
Церковь Милующей иконы Божией Матери
De tsjerke yn 2024
De tsjerke yn 2024
Lokaasje
lân Ruslân
plak Sint-Petersburch
adres Bolsjoi prosp. V.O., 100
koördinaten 59° 55' N 30° 14' E
Arsjitektuer
arsjitekt Vasili Kosjakov, Dmitri Prûssak
boujier 18891898
hichte 42 m
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 781510269330006
Kaart
Tsjerke fan de Ikoan fan de Barmhertige Mem Gods (Sint-Petersburch-Sintrum)
Tsjerke fan de Ikoan fan de Barmhertige Mem Gods

De Tsjerke fan 'e ikoan fan 'e Barmhertige Mem Gods (Russysk: Церковь Милующей иконы Божией Матери; Tserkov Milûjûsjtsjei ikony Bozjijei Materi) is in Russysk-otterdoks tsjerkegebou yn Sint-Petersburch. De tsjerke stiet op it Vasilevski-eilân en wie noch lang nei de fal fan 'e Sovjet-Uny yn gebrûk as oefenplak foar de dûkersoplieding fan 'e marine. Foar de werynrjochting fan 'e tsjerke gie it hiele ynterieur ferlern, mar nei alle gedachten hat dy nije funksje ek de rêding west foar it gebou.

Sûnt 2006 wie der in lytse kapel ynrjochte, mar de offisjele oerdracht fan it gebou oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke fûn net earder plak as yn 2012. Sûnt 2015 waard útein set mei in restauraasje fan 'e tsjerke en waarden de tsjinsten yn in houten needtsjerke fierd. De grutte wijing fan de tsjerke wurdt yn 2024 holden.

De tsjerke foar 1917.

De neobyzantynske tsjerke waard yn opdracht fan 'e Marine foar it havenpersoniel boud ta neitins oan 'e kroaning fan tsaar Alekander III en tsarina Maria Fjodorovna. Nei it tariedingswurk koe op 11 juny 1887 de grûn wijd wurde. De bou fan 'e tsjerke fûn yn 'e jierren 1889-1898 plak neffens in ûntwerp fan Vasili Kosjakov en Dmitri Prûssak. Nei it setten fan de krusen op de koepels yn 1896 bepaalde de tsjerke mei in hichte fan 42 m de skyline fan it gebiet.

It haadalter waard op 25 oktober 1898 plechtich ynwijd. Nei de foltôging waard der ek in ynstelling foar wezen en earmen iepene. Yn 'e simmer fan 1903 waard de klokketoer boppe de westlike tagong bekroand mei in fergulde keizerskroan.

Yn 1932 waard de tsjerke sletten en troch de autoriteiten oan it opliedingssintrum foar dûkers yn 'e Galernaja-haven tawiisd en it jier dêrnei waard de tsjerke geskikt makke foar de nije funksje, wêrby't it ynterieur folslein ferneatige waard. Under de koepel wie in grutte tank met wetter, dêr't rêdingsdûkers oefenje koene.

De tsjerke foar de restauraasje.

Al yn 'e jierren 1990 frege de boargemaster fan de stêd om it gebou oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke werom te jaan, mar dêr folge gjin reaksje op. De parochy waard yn 2006 ynskreaun, mar de weromjefte bleau noch lang in drege saak. Op 15 jannewaris 2007 waard der in lytse kapel yn 'e tsjerke ynwijd. De eigner, it Ministearje fan Definsje, sei yn febrewaris 2009 noch dat der gjin sprake wie fan in weromjefte fan 'e tsjerke. Earder wie der al útsteld dat de Russysk-Otterdokse Tsjerke dan earst sels mar in ferfangende trainingsfasileit foar de oplieding bouwe moast.

Op 19 desimber 2012 droech it Russyske Ministearje fan Definsje de ferrinnewearre tsjerke lang om let offisjeel oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke oer. It befel om de tsjerke oer te dragen wie ien fan 'e earste dokuminten dy't de doe nije minister fan definsje, Sergej Kûzjûgetovitsj Sjojgû ûndertekene.

De tsjerke stie model foar de ûntwerpen fan 'e Aleksander Nevskikatedraal fan Novosibirsk, de Kristus-Ferlossertsjerke fan Sotsji, de Transfiguraasjekatedraal fan Sormovo en de Trije-ienheidstsjerke oan 'e Borisovo-fivers yn Moskou.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Церковь Милующей иконы Божией Матери (Санкт-Петербург)