Tsjerke fan it Hillich Antlit fan Kristus de Ferlosser (Sotsji)
Ferlossertsjerke
Спасская церковь | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
Kraj | Krasnodar | |
plak | Sotsji | |
koördinaten | 43° 24' N 39° 58' E | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Fjdor Ivanovitsj Afûksenidy | |
boujier | 2012-2014 | |
boustyl | Neobyzantynske arsjitektuer | |
Webside | ||
ubrus-sochi.ru | ||
Kaart | ||
De Tsjerke fan it Hillich Antlit fan Kristus de Ferlosser (Russysk: Храм Нерукотворного Образа Христа Спасителя; ek: Ferlossertsjerke) is in otterdokse tsjerke yn 'e Russyske stêd Sotsji. De tsjerke waard tusken 2012 en 2014 njonken it olympysk kompleks foar de Olympyske Winterspullen 2014 boud.
Skiednis en beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bou fan 'e tsjerke sette op 29 augustus 2012 útein. De foltôge tsjerke waard op 3 jannewaris 2014 ynwijd. De Russyske presidint Vladimir Pûtin wenne op 6 jannewaris 2014, doe't it otterdokse Krystfeest fierd waard, in tsjinst by.
Foar de nijbou wie de earste stien ôfkomstich fan 'e resten fan in âlde Byzantynske tsjerke út de 9e iuw, dy't yn 2010 ûntdutsen waarden. Noch foar de stifting fan 'e Kiëvse Rûs waarden hjir kristlike martlers begroeven. De 43 meter hege tsjerke stiet op in twa ferdjippings tellende basis, dy't ornearre is foar konferinsjes en útstallings, wêrûnder in útstalling oer de skiednis fan it Kristendom yn 'e Kaukasus. Oan 'e westlike kant stiet in lytse klokketoer.
Oan it beskilderjen fan 'e muorren fan 'e tsjerke wurken 25 keunstners fan de Russyske Akademy fan Skilderkeunst, Byldhoukeunst en Arsjitektuer. De fresko's waarden yn fjouwer moannen oanbrocht en fertsjintwurdigje de styl fan Art Nouveau en it realisme, dy't tinken dogge oan it wurk fan Viktor Vasnetsov. Bibelske karakters en ingels hawwe lykwols in eigen karakter.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Храм Нерукотворного Образа Христа Спасителя (Сириус)
|