Aleksander Nevskikatedraal (Novosibirsk)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Aleksander Nevskikatedraal

Собор Александра Невского

Novosibirsk ANevsky Cathedral 07-2016 img1.jpg
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
lânsdiel Flag of Novosibirsk oblast.svg Novosibirsk
plak Flag of Novosibirsk.svg Novosibirsk
koördinaten 55° 1' N 82° 55' E
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1897-1899
boustyl Neobyzantynske arsjitektuer
Webside
ansobor.ru

De Aleksander Nevskikatedraal (Russysk: Собор Александра Невского) is in otterdokske tsjerke yn de Russyske stêd Novosibirsk.

De bouskiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke yn 1899

De tsjerke is ien fan de earste stiennen bouwurken yn Novosibirsk, waard tsjin it ein fan de 19e iuw yn neobyzantynske styl boud en hat in soad wei fan Vasili Kosjakov's Tsjerke fan Us Leaffrou de Genedige yn Sint-Petersburch. Foar't yn 1897 útein set waard mei de bou, waard yn 1895 earst in tydlike houten tsjerke boud.

It grutste part fan it wurk wie tsjin it ein fan 1898 foltôge en op 29 desimber 1899 waard de tsjerke troch biskop Makarius fan it bisdom Tomsk-Barnaûl ynwijd. De tsjerke wie boppedat in monumint foar de organisator fan de Transsybearyske Spoarwei, keizer Aleksander III. De keninklike famylje stelde ek jild beskikber foar de bou fan de tsjerke. Nei't der yn de stêd mear otterdokske tsjerken boud waarden, krige de Aleksander Nevskytsjerke de status fan katedraal.

De tsjerke yn it Sovjet-tiidrek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de revolúsje waard de katedraal oerdroegen oan de Libbene Tsjerke. De sluting fan de katedraal foar de earetsjinst fûn plak yn 1937. Der waard besocht om it gebou op te blazen, mar dêrby rekken allinnich de muorren skansearre. Yn de jierren 1940 joech de tsjerke ûnderdak oan in ynstítút en fan 1956 ôf in filmstudio. Yn 'e rin fan de tiid waard de tsjerke folslein fernield. Alle muorrefresko's gyngen ferlern, yn de tsjerke waarden trije ferdjippings ynboud en oan de tsjerke ferskynden oanbouwsels.

Weromjefte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De restaurearre koepel

De katedraal soe yn de jierren 1980 restaurearre en oanpast wurde om der in konsertgebou fan te meitsjen en it plan wie om yn 1988 mei it wurk te begjinnen, mar ûnder de boargers kaam tidens de fiering fan 1000 jier Kristendom yn Ruslân in beweging opsetten om de katedraal werom te jaan oan de Russysk-Otterdokske Tsjerke. Op 25 augustus 1989 waard it gebou troch de gemeente oerdroegen oan de Tsjerke en op 15 maaie 1991 konsekrearre patriarch Aleksi II de tsjerke op 'e nij. Op dat momint wie de katedraal yn in strieminne steat. De klokketoer wie opblaasd, it ynterieur wie hielendal feroare, de ikoanen, klokken en it tsjerklike reau wiene konfiskearre en de muorrefresko's en de ikonostaze wiene ferneatige. Ek oan de bûtenmuorren wie lange tiid neat mear dien en de koepels wiene op in soad plakken ferot.

Fuort nei de oerdracht begûn de restauraasje. De klokketoer waard op 'e nij boud, de skeinde bûtenmuorren waarden renovearre en it ynterieur renovearre en op 'e nij bepleistere. Healwei it earste desennium fan it nije milennium waarden it de fresko's yn de tsjerke en de bou fan de ikonostase foltôge. By de tsjerke waard boppedat in lytse bakstiennen doopkapel ta eare fan Sint-Jan de Doper mei in bassin foar algehiele ûnderdompeling boud.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Собор во имя Александра Невского (Новосибирск)