Tsjerke fan Turns

Ut Wikipedy
Tsjerke fan Turns
bouwurk
Súdgevel mei dakruter
Súdgevel mei dakruter
lokaasje
plak Turns
adres Terpstrjitte 14
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1699, dakruter: 1827
arsjitekt Oeds Yges
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 39817

De tsjerke fan Turns is in tsjerkegebou yn Turns, gemeente Súdwest-Fryslân, yn de Nederlânske provinsje Fryslân.

De herfoarme tsjerke út 1699 ferfong in âldere dy't wijd wie oan de hillige Lambertus. De trijesidich sletten sealtsjerke waard boud troch Oeds Yges yn opdracht fan grytman Burmania. De westgevel en de geveltoer mei iepenwurke achtkant en koepeldak binne út 1827. De tsjerke is in ryksmonumint.

De preekstoel (1699) waard makke troch Syte Eeblis en Johannes Jans. Op de kûp is it famyljewapen fan de grytman ôfbylde. It doopstek, de hearebanken en twa famyljebanken waarden makke troch Syte Eeblis en Paulus Johans. It oargel út 1909 waard boud troch Bakker & Timmenga en waard earst yn 1999 yn de tsjerke pleatst; it ynstrumint komt út de grifformearde tsjerke fan Toppenhuzen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald [et al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, deel 6. Zeist: Rijksdienst voor de Monumentenzorg / Swol: Waanders. ISBN 90 400 9476 4