Tsjerke fan Solwerd

Ut Wikipedy
Tsjerke fan Solwerd
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Grinslân
gemeente Iemsdelta
plak Solwerd (Appingedam)
adres Solwerderweg 5-a
koördinaten 53° 19' N 6° 52' E
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1783
boustyl Klassisisme
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 8252 [1]
offisjele webside
PKN Appingedam

De Tsjerke fan Solwerd is in gebou út 1783 yn it Grinslânske doarpke Solwerd, dat tsjintwurdich diel útmakket fan Appingedam.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It klassisktyske tsjerkegebou stiet op it plak fan in midsiuwske tsjerke, dy't nei in brân yn 1536 ôfbrutsen waard. Noardwestlik fan de hjoeddeiske tsjerke stie in kapel dy't boud waard oer in sleat nei in hostywûnder. Nei de stelderij fan in tsjelk út de tsjerke waarden de hosty's nammentlik driuwend mei in ljochtsjend skynsel yn dy sleat werom fûn. De kapel waard in beafeartsplak en fan it heechalter rûn in trep nei de sleat, werfan't tocht waard dat it wetter genêskrêftich wie. De kapel waard nei brân fan de midsiuwske tsjerke ek de parochytsjerke fan it doarp en nei de ynfiering fan de reformaasje in protestantsk tsjerkegebou. It soe lykwols noch lang duorje ear't de trep nei de sleat ôfsletten waard.

Oargel

Pas tsjin it ein fan de 18e iuw waard ek de âlde kapel ôfbrutsen en ferfongen troch de hjoeddeiske tsjerke op it plak fan de yn 1536 ôfbaarnde midsiuwske tsjerke. Jonkhear Adriaan Gerlacius makke de bou mooglik en nei't de tsjerke skansearre rekke yn de tiid fan it Belis fan Delfsyl (1813-1814) soe dyselde jonkhear op 'e nij jild jaan foar de restauraasje fan de tsjerke.

De tsjerke waard yn de jierren 1970 restaurearre. Yn 2003 hat der noch in renovaasje plakfûn.

Klokkestoel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken de tsjerke stiet in klokkestoel mei in klok út 1949 dy't skonken is troch de gemeenteleden oan de tsjerkfâldij. De oarspronklike klok waard yn de Twadde Wrâldkriich foardere troch de besetter.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel datearret fan 1860 en is ôfkomstich út de kontrijen fan Oosterhout. De Belgyske oargelmakker Henri Houtert feroare yn 1891 it oargel. Nei't it oargel yn 1914 yn in kapel stie fan it Pensionaat Sint-Anna yn Oosterhout waard it yn 1942 troch Adema nei Solwerd ferhûze, by de opbou fan it oargel yn Solwerd waarden der guon feroarings oanbrocht. Berend Veger en Winold van der Putten revisearren it ynstrumint yn 1993. It oargel besit ien manuaal en acht stimmen.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brosjuere Stifting Alde Grinslânske Tsjerken (Side SAGT)