Tsjerke fan Skuorregea

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Tsjerke fan Skuorregea

De Tsjerke fan Skuorregea is it tsjerkegebou oan de Tsjerkeleane 3 yn Skuorregea.

As ferfanging fan in tsjerke út 1579 waard yn 1715 in sealtsjerke mei trijesidich sletten koar en rûnbôgefinsters boud fanwege grytman fan Skoatterlân Martinus (de Blocq) van Scheltinga (gevelstien boppe yngong). Yn 1910 waard de houten geveltoer oan de westside boud.

Yn de tsjerke stiet in preekstoel út begjin 18e iuw (mei in wynmole op it rêgesket) en wandbuorden fan Daniel de Blocq van Scheltinga. It raam mei brânskildere glês is yn 2010 makke troch Karel van der Wal as geskink fan de bern fan Johan Molenaar. De tsjerke hie eartiids gjin oargel. Yn de tsjerke binne gjin tsjerkebanken mear oanwêzich. De tsjerke wurdt brûkt foar gearkomsten, eksposysjes en rou- en troutsjinsten. De tsjerke fan Skuorregea is in ryksmonumint en is sûnt 1972 eigendom fan Stichting Alde Fryske Tsjerken.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald [et.al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, diel 6. Seist: Rykstsjinst foar de monumintesoarch / Swol: Waanders. ISBN 90 400 9476 4
  • Stichting Alde Fryske Tsjerken fan Skuorregea
  • Stichting Alde Fryske Tsjerken Skuorregea