Protestantske tsjerke fan Jobbegea

Ut Wikipedy
Protestantske tsjerke fan Jobbegea
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente It Hearrenfean
plak Jobbegea
adres Klaas Molwei 19
koördinaten 53° 00' N 6° 07' E
Arsjitektuer
boujier 1864-1865
Webside
PKN-gemeente Jobbegea-Skuorregea
Kaart
Protestantske tsjerke fan Jobbegea (Fryslân)
Protestantske tsjerke fan Jobbegea

De Protestantske tsjerke oan de Klaas Molwei yn Jobbegea is de tsjerke fan de PKN-gemeente Jobbegea-Skuorregea.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Jobbegeaster tsjerke waard yn 1864 boud foar de herfoarme gemeente as de tredde tsjerke fan de gemeente Hoarnstersweach-Jobbegea-Skuorregea. Oare tsjerken hie de gemeente al yn Hoarnstersweach en Skuorregea. De bou fan in tredde tsjerke waard needsaaklik achte troch't de bewenning oan de feart groeide.

Mei de bou waard op 1 april 1864 útein set en op 20 febrewaris 1865 waard de tsjerke yn gebrûk nommen.

Yn 1869 krige de tsjerke in geveltuorke op it dak mei in klok. De tsjerke waard ek wol it "Tsjerkje fan Mol" neamd, nei dûmny Klaas Mol dy't dêr fjirtich jier tsjinne hat. Yn 1959 fûn in restauraasje oan it gebou plak. It geveltuorke is doe ferfongen troch in dakruterke mei in spits.

PKN[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Beage

Op 7 juny 2006 fusearren de herfoarmen mei de grifformearden fan de trije doarpen ta de Protestanske gemeente Jobbegea-Skuorregea-Hoarnstersweach. De Jobbegeaster tsjerke waard de tsjerke fan de nije protestantske gemeente. Ut de ferkeap fan de grifformearde tsjerke yn Hoarnstersweach kaam it jild frij om njonken de tsjerke in modern tsjerklik sintrum te bouwen, dat de namme "De Beage" krige.

Ynrjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke waard by de foarming fan de PKN-gemeente restaurearre en krige doe twa nije glês-yn-lead ramen fan de glesker K. van der Wal út Himmelum.

De wynhoanne dy't yn 'e binnentún fan De Beage stiet is oarspronklik ôfkomstich fan de geveltuorke fan de yn 1971 bûten gebrûk stelde en letter ôfbrutsen grifformearde tsjerke "De Lantearne" oan de Bij de Leijwei 21 yn Hoarnstersweach.

Yn De Beage hingje skilderijen fan Folkert Beenen fan de fiif herfoarme en grifformearde tsjerken dy't de doarpen Jobbegea en Skuorregea en Hoarnstersweach ea ryk wiene.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjintwurdich makket de gemeente gebrûk fan in elektroanysk imitaasje-ynstrumint (Content type 2430), mar de tsjerke hie oant 1976 in folweardich piipoargel fan de oargelbouwer J. Proper út Kampen. Dat piipoargel waard yn 1911 yn de Jobbegeaster tsjerke boud mei âlder materjaal fan in ynstrumint, dat nei alle gedachten ôfkomstich wie fan in 17e-iuwsk ynstrumint dat troch Jann Werner Dütsch boud wie foar de herfoarme tsjerke Terborch. It ferhûze yn 1848 nei de herfoarme tsjerke fan Diepenveen, dêr't it troch Proper ôfbrutsen en ynnommen waard. It front fan it Proper-oargel bleau lykwols yn de tsjerke en dêr steane tsjintwurdich de lûdsprekkers fan it elektroanysk oargel yn.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: