Tsjerke fan Hornhuzen
Tsjerke fan Hornhûzen | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
gemeente | It Hegelân | |
plak | Hornhuzen | |
adres | Breweelsterweg 1 | |
koördinaten | 53° 23' N 6° 21' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patroanhillige | Marije en/of Nikolaas[1] | |
status | net mear yn gebrûk as tsjerke doarpshûs | |
Arsjitektuer | ||
boustyl | gotyk, neogotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 23670 | |
Webside | ||
Side Tsjerke fan Hornhuzen (SAGT) | ||
Kaart | ||
De Tsjerke fan Hornhuzen is in tsjerkegebou yn Hornhuzen yn 'e Grinslânske gemeente It Hegelân. De tsjerke is 19e-iuwsk, wylst de toer út de 15e iuw datearret. Sûnt 1978 is de tsjerke yn it besit fan 'e Stifting Alde Grinslânske Tsjerken. De tsjerke docht hjoed-de-dei tsjinst as doarpshûs.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke waard om 1170 hinne boud as ûnderdiel fan it oanbuorjende Aldekleaster. Dy tsjerke baarnde neffens in skriuwen fan abt Menko lykwols ôf yn 1247. Nei de brân easke de biskop fan Münster de skea te fergoedzjen. Der waard in nije tsjerke boud yn letromaanske styl. Hokker patroanhillige de tsjerke hân hat is ûnwis, it soe neffens in segel fan pastoar Rembertus út 1414 om Marije gean, mar neffens in segel fan pastoar Derck út 1515 om Nikolaas.
De boppebou fan de letgoatyske toer gyng yn 1815 ferlern en waard oant de hichte fan de tsjerke ôfbrutsen. De toer krige wat letter in nij dak mei in spits. Al sûnt de bou fan de toer hâlde twa swiere steunbearen de toer op syn plak.
De letromaanske tsjerke waard healwei de 19e iuw ôfbrutsen en op de âlde fûneminten ferfongen troch it hjoeddeiske lytsere neogoatske gebou. Yn 1989 waard de toer, it dak en it muorrewurk restaurearre. It eksterieur en ynterieur fan de tsjerke folgen yn 1996.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ynterieur wurdt oerkape fan in houten tonferwulft. Oer de flier lizzen in tal grêfsarken, dêrûnder dy fan Allert Tamminga út 1498. De hearebank datearret út de 18e iuw en besit in houtfike opsetstik mei de wapens fan 'e famyljes Meckema fan Aylva-fan Camstra mei oan wjerskanten ienhoarns, dy't de wapens fêsthâlde. Yn 'e toer hinget in klok fan Hans Falck, getten yn 1617. It meganyske smei-izeren oerwurk datearret fan 1679.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wa't de bouwer fan it oargel yn 'e tsjerke fan Hornhuzen west hat is ûnbekend. It is ea makke foar in partikulier út Delft, dy't it ferkocht oan in blineynstitút yn Amsterdam, dêr't it troch Hermanus Knipscheer del set waard. It blineynstitút wie net sa op it skik mei it oargel en liet tusken 1827 en 1932 in nij oargel troch Jonathan Bätz bouwe. De Herfoarme gemeente fan Hornhuzen kocht it oerstallige oargel oan, dêr't it yn 1833 yn gebrûk nommen waard. Nei de bou fan 'e neogoatyske tsjerke boude Petrus van Oeckelen it oargel op 'e nij op efter in nije oargelkas. Jan Doornbos feroare it ynstrumint yn 1899 en makke fan it twamanualige ynstrumint in ienmanualich oargel. It twadde manuaal waard wer brûkt foar it oargel fan 'e fermanje yn Noardhorn.
Yn 1962 fierde de firma Vierdag in restauraasje út.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|