Tsjerke fan Harkstede
Tsjerke fan Harkstede | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
gemeente | Midden-Grinslân | |
plak | Harkstede | |
adres | Haadwei 63 | |
koördinaten | 53° 12' N 6° 41' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1692-1700 | |
boustyl | gotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 33807 | |
Webside | ||
PKN Harkstede-Scharmer | ||
Kaart | ||
De Tsjerke fan Harkstede is in protestantsk tsjerkegebou út 'e ein fan 'e 17e iuw.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste tsjerke op it plak datearre út de midsiuwen en stie likernôch 10 meter fan 'e toer ôf. De hjoeddeiske tsjerke fan fjouwer traveeën en in trijesidich eastlik koer waard nei de sloop fan dy tsjerke yn 1691 boud. Henric Piccardt, boarchhear fan 'Klein Martijn', naam yn 1690 dêrta it beslút. Hy liet de healwei de 13e iuw boude toer lykwols stean, dy't noch lang tsjinne om minsken yn finzen te hâlden. De boarchhear liet mei syn frou Anna Elisabeth Rengers de nije goatyske tsjerke ûnder lieding fan Henric Coeur en Geert van der Aa tsjin 'e âlde toer oan bouwe. Yn 1700 waard de nije tsjerke yn gebrûk nommen.
Piccardt liet foar him en syn frou yn 'e nijbou tagelyk in wurkkeamer en in mausoleum ûnderbringe. Nei harren ferstjerren yn 1704 en 1712 binne harren balseme lichems yn dat mausoleum byset. Yn 1712 waard fan 'e selde famylje in famke fan 12 jier yn it mausoleum byset, sadat der tsjintwurdich trije kisten steane. It is nei alle gedachten de iennige Nederlânske tsjerke, dêr't de opdrachtjouwer ek in wurkkeamer hie. Boppe de tagong is in stien oanbrocht mei de wapens fan Piccardt-Rengers. Dêrboppe is in stien mei in foarstelling fan Elía en Jehannes de Doper, dy't in offer bringe. De tsjerke is yn 2019 restaurearre.
Njonken de monumintale tsjerke is in modern tsjerklik sintrum boud, dat de namme 'De Graankorrel' krige. Tsjerketsjinsten wurde wikseljend fierd yn it nije sintrum en út en troch yn 'e monumintale tsjerke.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De preekstoel en oargelkas binne ûntwurpen troch de Grinzer stedsboumaster Allert Meijer, dy't in soad meubilêr foar Grinslânske tsjerken ûntwurp. It doopbekken út 1641 is ôfkomstich út 'e yn 1824 ôfbrutsen tsjerke fan Scharmer.
Yn 'e tsjerke is de bank foar de famylje Piccardt noch oanwêzich. Op 'e ferdjippinjg dêrboppe wurke Piccard en njonken de hearebank wie in romte foar him mei in húske. Yn 1695 waard in brânskilderd raam mei in tekst set, dêr't Piccardt en de frou harren 'heer en vrouw deser kerck en plaetse' neame.
De âlde klok fan 'e toer waard yn 'e Twadde Wrâldkriich troch de besetter foardere. De hjoeddeiske klok waard yn 1948 getten.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel is yn 1696 boud troch Arp Schnitger. Nei de ferbouwing troch Marten Eertman yn 1908 bleau der net in soad fan it oarspronklike ynstrumint oer. De oargelkas fan Allert Meijer bleau by de feroarings fan 1908 sparre. In diel fan it âlde piipwurk fan Schnitger waard by it oargel fan 1908 op 'e nij brûkt.
Timpel fan Salomo
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de Grinzer ryksarchivaris Adolf Pathuis en de Harksteder dûmny B. Ronner soe de tsjerke in ôfspegeling wêze fan de timpel fan kening Salomo, dy't neffens de Skrift 60 by 20 by 30 el wie (30 by 10 by 15 meter). De Harksteder tsjerke soe dan likernôch in tredde fan de grutte wjerspegelje. Yn boarnen fan 'e tsjerke wurdt lykwols nearne ferwiisd nei Salomo's timpel, mar mooglik ferwiist de Nederlânsktalige bibeltekst út 2 Kroniken 7:12, dy't Piccardt opnimme liet yn 'e tsjerke nei Salomo's timpelbou: 'Ik haw dyn gebed heart en ik haw my dit hûs útkeazen as in offerstee'
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|