Tsjerke fan Augsbuert-Lytsewâld
Tsjerke fan Augsbuert-Lytsewâld | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Augsbuert-Lytsewâld | |
adres | Tsjerkepaed 3 | |
koördinaten | 53° 15' N 6° 09' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
status | Net mear yn gebrûk as tsjerke gebou wurdt ferhierd | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1782 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 23752 [1] | |
Webside | ||
De tsjerke op de side fan SAFT | ||
Kaart | ||
De Tsjerke fan Augsbuert-Lytsewâld is in eardere herfoarme tsjerke yn de buorskip Augsbuert-Lytsewâld. De tsjerke waard boud yn 1782 op de fûneminten fan in midsiuwske foargonger. As de earste fan in rige waard de tsjerke yn 1971 oerdroegen oan de yn 1970 oprjochte Stifting Alde Fryske Tsjerken.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De trijesidich sletten sealtsjerke út 1782 waard boud op de fûneminten fan in midsiuwske bakstiennen foargonger. Jacobus Stellingwerf tekene de midsiuwske tsjerke om 1723 hinne as in gebou mei goatyske ramen, steunbearen en in bôgefries ûnder de goatte.
Boppe de tagong fan de tsjerke is in gevelstien mei it wapen fan Kollumerlân oanbrocht.
Wylst der oan de tsjerke wurke waard, stoarte yn 1912 de toer yn. Dêrnei folge de weropbou fan it westlike diel fan de tsjerke.
Yn de toer mei in ynsnuorre spits hinge eartiids in yn 1917 yn Heiligerlee getten klok. Dy klok waard yn de Twadde Wrâldkriich troch de besetter foardere en omraand. De ferfanging fan de klok folge yn 1950.
Gebrûk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjerklik foarme Augsbuert-Lytsewâld in kombinaasje mei de herfoarme gemeente fan Kollum. In 19e iuwske oerienkomst ferplichte de dûmny fan Kollum fjouwer kear yn 't jier in tsjinst te fersoargjen. De tsjerke waard op 10 novimber 1971 as earste Fryske tsjerke oerdroegen oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken, mar noch oant 1977 kaam de herfoarme gemeente fan Kollum de ferplichting nei om alle jierren fjouwer tsjinsten te fersoargjen. Doe krige de tsjerke oant 2010 in nije bestimming as muzykkapel. Ek tsjinnet de tsjerke as kapel foar routsjinsten en it sluten fan houliken.
Beskriuwing ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ynterieur wurdt ôfsletten troch in tonferwulft.
De preekstoel datearret fan 1668 en hat in fjouwerkante kûp en klankboerd. Op it foarste paneel steane Moazes en Aaron op in fuotstik, dy't de tafelen fan de Wet heech hâlde. Tusken harren yn stiet de arke fan it ferbûn en dêrûnder is it alliânsjewapen Aylva-Aylva oanbrocht. By de preekstoel leit it lid fan in sark út de 12e iuw. It is fersierd mei kromstêven en krusen en tsjinne om it grêf fan in pryster ôf te dekken.
Oan de noardlike en súdlike muorren hingje twa grutte roubuorden foar de Fan Scheltinga’s út 1708 en 1712. Ek binne yn de tsjerke sûnt de reformaasje de nammen fan de dûmnys ferivige. As earste wurdt "Petrus pastor weleer, roomsch priester om de waarheid verbannen, 1567" neamd.
Oant flak foar 1885 hie de tsjerke de rûnbôge finsters brânskildere ramen, dy't yn 1782 skonken wiene troch de steedhâlder, de grytman en bestjoerskolleezjes.
De oarspronklike banken binne op in pear nei út de tsjerke helle.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt 1999 hat de tsjerke it hjoeddeiske oargel. It fiif registers tellende ynstrumint koe nei jeften fan de stifting Steunfonds Muziekkapel en partikulieren oankocht wurde. It oargel is boud yn 1966 troch Bernhard Pels en Soan N.V.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|