Tormod Skagestad
Tormod Skagestad | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Tormod Skagestad | |
nasjonaliteit | Noarsk | |
berne | 9 augustus 1920 | |
berteplak | Krødsherad (Noarwegen) | |
stoarn | 4 jannewaris 1997 | |
stjerplak | Alfaz del Pi (Spanje) | |
etnisiteit | Noarsk | |
wurk | ||
taal | Noarsk (Bokmål) | |
sjenre | lit. romans, poëzij, toaniel | |
perioade | 2e helte 20e iuw | |
bekendste wurk(en) |
Under Treet Ligg Øksa I Gryet Blir Månen Grå | |
jierren aktyf | 1946 – 1997 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Tormod Skagestad (Krødsherad, 9 augustus 1920 – Alfaz del Pi (Spanje), 4 jannewaris 1997), wie in Noarsk skriuwer, dichter, toanielskriuwer, akteur en teäterdirekteur. Hy waard benammen bekend as direkteur it fan Noarsk Teäter, te Oslo, en as skriuwer fan toanielstikken as Under Treet Ligg Øksa (De Bile Leit ûnder de Beam).
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Skagestad waard yn 1920 berne yn it doarpke Krødsherad, yn 'e Noarske provinsje Buskerud. Hy groeide op yn in kultuerryk fermidden, mei't syn heit de ûnderwizer en de koster fan it doarp wie, en syn mem de oargeliste. Yn 1942 died er mei goed gefolch eksamen foar de middelbere skoalle, en nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch studearre er fan 1946 oant 1948 yn 'e Feriene Steaten oan 'e Universiteit fan Wiskonsin, yn Madison, dêr't er in masterstitel yn teäterwittenskippen behelle.
Nei't Skagestad fan 1949 oant 1953 belutsen west hie by de Noarske radio, foar it programma Radioteatret ("It Radioteäter"), waard er oannommen by it Noarsk Teäter (Det Norske Teatret), in skouboarch fan namme (ferlykber mei it Nederlânske Carré) yn 'e Noarske haadstêd Oslo. Hy hie dêr ferskate funksjes fan 1953 oant 1961 en wie dêr teäterdirekteur fan 1961 oant 1975 en fan 1976 oant 1979. Dêrnjonken wie Skagestad ferskate terminen foarsitter fan 'e Norsk Teaterlederforening (Noarske Feriening fan Teäterdirekteurs), dy't him letter ta earelid beneamde, en teffens wied er ien termyn foarsitter fan De Norske Teatres forening (de Noarske Skouboarchferiening).
Yn syn frije tiid wie Skagestad aktyf as skriuwer. Yn 't earstoan dichte er fral, nei't er yn it teäter behelle rekke wie, skreau er toanielstikken, en op jierren (doe't er yn 'e sechstich wie) begûn er noch romans te produsearjen. Yn 1975 waard syn krewearjen foar de Noarske kultuer beleanne mei in keninklike ûnderskieding (ridder fan 'e heechste rang yn 'e Keninklike Noarske Oarder fan Sint-Olav). En yn 1976 krige er de Noarske Teaterkritisypriis (Teaterkritikerprisen) foar de toanieladaptaasje fan Olav Duuns Ettermæle. Skagestad wie troud mei de skilderesse en keunstneresse Karin Skagestad, mei wa't er twa berne krige, de akteurs Tove Skagestad en Bjørn Skagestad. Hy stoar yn 1997 yn it Spaanske Alfaz del Pi, yn 'e âlderdom fan 77 jier. Hy waard yn Noarwegen begroeven.
Wurk (in kar)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Romans
- 1982 - Hild Rogne
- 1983 - På Rogne
- 1987 - Farvel til Rogne
- Toanielstikken
- 1955 - Under Treet Ligg Øksa
- Fryske oersetting: De Bile Leit ûnder de Beam (fert. Ale Kerkhof, 1959)
- 1962 - Byen ved Havet
- 1966 - I Gryet Blir Månen Grå
- 1972 - Det Stig av Hav
- 1982 - Nora Helmer
- Gedichten
- 1946 - Om Fjellprofilan Låg ei Gullrand Spent
- 1947 - I Natt Skal Mange Våke
- 1950 - Mørkt Vatn Glir mot Havet
- 1950 - Havdøgn
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |