Springe nei ynhâld

De Bile Leit ûnder de Beam

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Under Treet Ligg Øksa)
De Bile Leit ûnder de Beam
algemiene gegevens
oarspr. titelUnder Treet Ligg Øksa
auteurTormod Skagestad
taalNoarsk
foarmtoanielstik
sjenretrageedzje
1e publikaasje1955, Oslo
oersetting nei it Frysk
Fryske titelDe Bile Leit ûnder de Beam
publikaasje1959, Ljouwert
útjouwerDe Terp
oersetterAle Kerkhof

De Bile Leit ûnder de Beam, yn it oarspronklike Noarsk: Under Treet Ligg Øksa, is in toanielstik yn fjouwer bedriuwen fan 'e hân fan 'e Noarske skriuwer, dichter, toanielskriuwer, akteur en teäterdirekteur Tormod Skagestad (1920-1997). Under Treet Ligg Øksa waard foar it earst publisearre yn 1955.

De 77 siden tellende Fryske oersetting ferskynde yn 1959, ûnder de titel De Bile Leit ûnder de Beam. Dy fertaling wie fan 'e hân fan yngenieur Ale Kerkhof (1898-1969), dy't ek ferantwurdlik wie foar de earste Fryske oersetting fan It Poppehûs, fan 'e grutte Noarske toanielskriuwer Henrik Ibsen. De Bile Leit ûnder de Beam waard yn in bewurking troch L. de Hoop fan Naarden útbrocht by útjouwerij De Terp te Ljouwert.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Skagestad, Tormod, De Bile Leit ûnder de Beam (oers. Ale Kerkhof, bew. L. de Hoop), Ljouwert, 1959 (De Terp), sûnder ISBN.