Tonnus Oosterhoff

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Tonnus Oosterhoff
Livro preto.svg skriuwer
Tonnus Oosterhoff op it poëzijfestival Het Tuinfeest yn Dimter, 6 augustus 2016
Tonnus Oosterhoff op it poëzijfestival Het Tuinfeest yn Dimter, 6 augustus 2016
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
berne 18 maart 1953
berteplak Leien (Súd-Hollân)
etnisiteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
wurk
taal Nederlânsk
sjenre dichter, skriuwer
útjouwer De Bezige Bij
jierren aktyf 1976 – no
offisjele webside
www.tonnusoosterhoff.nl (deade link)

Tonnus Oosterhoff (Leien, 18 maart 1953) is in Nederlânsk dichter en skriuwer.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tonnus Oosterhoff waard yn Leien berne, mar wenne fierwei it grutste part fan syn libben ynn de provinsje Grinslân. Hy studearre Nederlânske taal- en letterkunde oan de Ryksuniversiteit Grins. Foardat er literêr wurk publisearre, skreau er anonym in stikmannich ferhalen foar it tydskrift Mijn Geheim. Yn syn letter ferskynde ferhalebondel Dans zonder vloer (2003) is ien dêrfan opnaam, oanfold mei in, op fersyk fan de redaksje, "net sa'n ûnrealistysk" lokkich ein.

Hy debutearre yn it literêr tydskrift yn boekfoarm Raster. Oosterhoff publisearre dichtbondels, ferhalebondels, in roman, in essaybondel, in toanielstik]] en harkspulen. Syn oeuvre wurdt skaaimerke troch in ûnderkuolle humor en ferriedt de oanstriid om himsels mei elts boek radikaal fernije te wollen. Yn 2001 sette er út ein mei in webside mei bewegende gedichten. Yn 2005 wie die gastskriuwer oan syn âlde universiteit yn Grins.

Yn maaie 2012 krige Oosterhoff de P.C. Hooft-priis foar syn, neffens de sjuery, "tige fernijende poëzij".

Oosterhoff wennet yn in buorsip yn East-Grinslân, dêr't er ek jierrenlang reservebrêgeman west hat.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oosterhoff syn boeken wurde útjûn troch De Bezige Bij yn Amsterdam.

  • Boerentijger (1990) - gedichten
  • Vogelzaken (1991) - ferhalen
  • Denkbeeldige genietingen (1992) - harkspul KRO
  • De ingeland (1993) - gedichten
  • Het dikke hart (1994) - roman
  • De vergroeiing (1995) - harkspul RVU
  • Kan niet vernietigd worden (1996) - ferhalen
  • (Robuuste tongwerken,) een stralend plenum (1997) - gedichten
  • Wient maakt een kistje (1999) - toanielstik
  • Ook de schapen dachten na (2000) - essays
  • Wij zagen ons in een kleine groep mensen veranderen (2002) - gedichten
  • Dans zonder vloer (2003) - ferhalen
  • Hersenmutor. Gedichten 1990-2005 (2005) - samle gedichten
  • Ware grootte (2008) - gedichten
  • Handschreeuwkoor (2008) - Gent : Druksel - hânskreaune gedichten
  • Leegte lacht (2011) - gedichten
  • Hier drijft weg (2012) - samle gedichten
  • Op de rok van het universum (2015) - roman

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: