Tûla
(Trochwiisd fan "Toela")
Tûla Тула |
||
It kremlyn fan Tûla | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 501.129↓ (2010) | |
Oerflak | 145 km² | |
Befolkingstichtens | 3.456 / km² | |
Hichte | 170 m (it sintrum) | |
Polityk | ||
Lân | Ruslân | |
Oblast | Tûla | |
Oar | ||
Stifting | 1146 | |
Tiidsône | MSD (UTC+4) | |
Webside | Offisjele webside (ru) |
Tûla (Russysk: Тула) is in yndustrystêd yn Ruslân en ek de haadstêd fan de oblast Tûla, sa'n 200 km besuden Moskou. De stêd leit oan de rivier de Upa en it rivierke de Tûlitsa dêr't de stêd ek nei ferneamd is.
De stêd hat in âlde sitadel (in kremlyn). De famylje Demidov hat in wichtige rol yn de ûntjouwing fan de stêd spile.
De ferneamde Russyske skriuwer Lev Tolstoj (1828–1910) wenne yn de bûtenpleats Jasnaja Poljana ûnder Tûla dy't de wichtichste toeristyke attraksje fan de oblast Tûla waard.
Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Al goed fjouwer iuwen is Tûla is in wichtich sintrum fan yndustry en tal fan ambachten. Fral metallurgy, masinebou en metaalbewurking binne fan grut belang, mei as wichtige ôfnimmer definsje, en fieder ek de fiedselyndustry.
It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- It kremlyn fan Tûla
- Alderheljenkatedraal (Tûla)
- Untsliepeniskatedraal yn it kremlyn
- Untsliepeniskatedraal bûten it kremlyn
Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
|
|
Stedsbyld Tûla[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
-
Tûla, samovaarmuseum