Untsliepeniskatedraal yn it kremlyn fan Tûla
Untsliepeniskatedraal
Успе́нский собо́р | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Tûla | |
plak | Tûla | |
koördinaten | 54° 11' N 37° 37' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1762-1766 | |
boustyl | barok | |
monumintale status | Federaal monumint | |
monumintnûmer | 711410087190016 | |
Webside | ||
De katedraal op de side fan it bisdom | ||
Kaart | ||
De Katedraal fan 'e Untsliepenis fan 'e Mem Gods yn it kremlyn fan Tûla (Russysk: Успенский собор Тульского кремля; Uspenski sobor Tûlskoje Kremlja) is in otterdokse tsjerke yn 'e Russyske stêd Tûla. De katedraal stiet yn it kremlyn fan Tûla tichteby de Kazantoer en is it bekendste tsjerkegebou fan 'e stêd. De katedraal waard tusken 1762 en 1766 boud. De tafoeging "yn it kremlyn fan Tûla" is om de katedraal te ûnderskieden fan in katedraal mei deselde namme, dy't krekt efkes bûten de muorren fan it kremlyn stiet.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oarspronklik stie der yn it kremlyn fan Tûla in houten katedraal út 1626, dy't wijd wie oan 'e aartsingel Gabriël. De earste stiennen katedraal waard yn 'e jierren 1670-1680 boud en wijd oan 'e ûntsliepenis fan 'e Mem Gods. Noch gjin iuw letter rekke de katedraal yn ferfal en folge der ôfbraak.
Mei de bou fan 'e hjoeddeiske katedraal waard op 7 maaie 1762 útein set. Al nei twa jier wie it eksterieur fan 'e nijbou foltôge. De wijing folge lykwols net earder as op 19 oktober 1766. De Untsliepeniskatedraal wie in ûnferwaarme tsjerke en tsjinsten fûnen allinnich fan Peaske oant de Foarbeatiid plak.
Seis jier letter waard in begjin makke oan 'e bou fan in klokketoer, dy't yn 1781 ree kaam. Fan binnen waard de katedraal fan 1765 oant 1767 beskildere troch skilders út Jaroslavl, dy't wurken yn 'e bêste tradysje fan 'e Jaroslavl-skoalle.
Yn 'e Sovjet-tiid waard de katedraal yn 1930 sletten. It wie it doel om der in ateïstysk museum yn ûnder te bringen, mar dy plannen waarden nea realisearre. In pear jier letter waarden in tal ikoanen en liturgysk materjaal fan 'e katedraal oerbrocht nei de Nikolaastsjerke. Nei de Twadde Wrâldkriich naam de belangstelling fan it arsjitekturale belang fan 'e eardere tsjerke stadichoan ta. Yn 1961 tsjinne it gebou as pakhûs foar produkten.
De restauraasje fan 'e katedraal sette yn maaie 1965 útein, in jier nei't al begûn wie mei ûndersyk nei en de restauraasje fan it kremlyn. Nei in renovaasje oan it tek, it fergulden fan de sipels en reparaasjes oan it muorrewurk waard yn de jierren 1980 begûn mei de restauraasje fan de ikonostase. Fan ôf 1988 begûnen Moskouse keunstners ek mei de restauraasje fan de fresko's yn de tsjerke. In lêste restauraasje fûn plak yn 2013. De koepels waarden op 'e nij fergulde en de tsjerke griis farve.
Yn 1991 waard de Untsliepeniskatedraal wer oan it bisdom Tûla oerdroegen.
Klokketoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fjouwer ferdjippings tellende klokketoer waard fan 1772 oan 1776 boud. Yn 'e toer kamen 22 klokken te hingjen en dêr boppe waard in oerwurk pleatst. Under de toer waard in ferwaarme tsjerke ta eare fan Tichon fan Amathus ynrjochte. De tsjerke yn 'e klokketoer waard yn 1894 oerdroegen oan 'e lytse mienskip fan 'e âldleauwigen, dy't yn it begjin fan 'e 20e iuw in eigen tsjerke bouwe lieten.
Yn 'e jûn fan 28 septimber 1936 bruts in brân op 'e boppenste ferdjippings fan de toer út. Om't de druk fan 'e wetterslangen net tarikkend wie, slagge it allinnich om de ûnderste ferdjippings fan 'e toer te behâlden. De brân feroarsake ek skea oan 'e fresko's oan 'e westlike kant fan 'e tsjerke. Fanwegen de nuodlike sitewaasje foar it ferkear om 'e toer hinne, waard der yn 1937 besletten om de toer folslein ôf te brekken.
De rekonstruksje fan 'e klokketoer sette yn 2012 útein. Nei de rekonstruksje fan 'e toer waard op 'e earste ferdjipping wer in tsjerke iepene. De oan Dimitri Donskoi wijde tsjerke waard op 12 septimber 2015 konsekrearre.
Yn 2015 waard de klokketoer tegearre mei de restaurearre katedraal feestlik iepene.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Dûbelkoppige earn
-
Muorredekoraasjes
-
Fresko's
-
Stânbyld Dmitri Donskoj
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Успенский собор Тульского кремля
|